Muntsjesyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Oanfollings Muntsjesyl
Rigel 1:
'''Muntsjesyl''' is it meast eastlike fan de 12 [[doarp|doarpen]] yn de gemeente [[Kollumerlân]]. It doarp hat likernôch 535 ynwenners.
 
It doarp leit oan de [[Muntsjesylsterried]], tsjin [[Grinslân]] oan. It doarp hat tsjintwurdich in passantehaven. Opfallend yn it doarpsbyld is de Muntsjesylstermûne in de folksmûle ek wol ''Rust Roest'' neamd. De mûne hat in stienen ûnderbou üt 1856. De mûne is in achtkante stellingmûne mei reit dutsen.

Súdlik fan it doarp leit in âlde bôgebrêge fan [[1802]], it Pypke neamd.
 
==Skiednis==
 
Muntsjesyl is in kûmdoarp dat yn de lette midsieuwen ûnstien is by de yn [[1476]] troch Sistersjinzer mûntsen fan [[Gerkeskleaster]] sleine slûs yn de [[Lauwers]], dy't it troch harren bedike lân beskermje moast. De slûs is in tal kearen ferlein en fernijd. Oan de ein fan de [[16e ieu]] waard ferdigeningsskâns oanlein. De bouw fan de tsjintwurdige slûs yn [[1741]] foarme in ûnderdiel yn de ferbettering fan it [[Syldjip]] en de Muntsjesylsterried.
 
==De herfoarme tsjerke==
 
It hat lang duorre foar't Muntsjesyl sels in tsjerke krige. Dy is der kommen mei in subsydzje fan de Steaten yn 1655. It liket derop dat de Boerumers der net folle foar fielden, want der is tsien jier oer de bou dien. Op 13 augustus 1665 holde ds. Johannes de Grauw syn earste preek yn de nije tsjerke. Oant 1856 ta waarden de tsjerketiden oanjûn troch in hoarn. Der waard om de safolle tiid wer wat oan de tsjerke ferboud. Yn 1899 waard besletten om it ris goed oan te pakken. De arsjitekt H.A. Zondag krige de opdracht om in fernijde tsjerke te ûntwerpen. Zondag liet him ynspirearje troch de Renêsânse.
Boerum en Muntsjesyl foarmje altyd noch in kombinaasje.
 
==De Grifformeare tsjerke==
 
De Griformearde tsjerke, dy't tsjerlik ta Grinslân rekkene wurdt, boude yn 1913/14 in nije tsjerke. It ûntwurp wie fan de bekende Grinzer tsjerke-arsjitekt Egbert Reitsma.
 
[[nl:Munnekezijl]]