Abel Tasman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
No edit summary
Rigel 3:
'''Abel Janszoon Tasman''' ([[Lutjegast]] ([[Grinslân]]), [[1603]] – [[Batavia (Nederlânsk-Ynje)|Batavia]] ([[Java (eilân)|Java]]), [[10 oktober]] [[1659]]) wie in [[Nederlân]]sk [[ûntdekkingsreizger]]. Hy is fral bekend troch syn reizen tusken [[1642]] en [[1644]] yn tsjinst fan de [[Feriene Eastynjeske Kompanjy]] (FEK). Der op útstjoerd troch [[Antonio van Diemen]] ûntduts hy it [[Tasmaanje|Van Diemenslân]] (no [[Tasmaanje]]) en [[Nij-Seelân]].
 
Tasman hie al earder op ûntdekkingsreis west. Yn 1639 wie er twadde man fan de ekspedysje ûnder [[Matthijs Quast]]. De seeën eastlik fan [[Japan]] wurdewaard doe ûndersocht.
 
Tasman syn opdracht wie it lân te ûndersykjen dat doe noch bekend stie as [[Nij-Hollân (Austraalje)|Nij-Hollân]] (it hjoedeiske [[Austraalje]]). De westkust fan dat [[kontinint]] wie alris troch Nederlanners besocht. Men woe witte at it in part wie fan [[Terra Australis]], in ûndersteld súdlik kontinint. De FOK hope dat dêr in nij hannelsgebiet iepenlein wurde koe.