Laplân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: tr:Laponya (bölge); tekstwiziging
Rigel 5:
Yn Finlân is der in provinsje mei de namme, sjoch [[Laplân (Finske provinsje)]]. Yn Sweden is in Sweeds lânskip mei de namme, [[Laplân (Sweedsk lânskip)]].
 
== Geografy ==
Laplân leit tige ticht by de [[Noardpoal|poalstreek]], wêrtroch't de [[winter|winters]]s lang en kâld binne. Yn de wintermoannen komt de [[sinne]] dêr net op ([[poalnacht]])en yn de [[simmer|simmermoannen]]moannen giet de sinne nea ûnder ([[middennachtsinne]]). De Saami hawwe yn de rin fa de tiid leard om mei dizze omstannichheden om te gean. Se hawwe in tradisjonele libbenswize. It gebiet wurdt ek wel de lêste wyldernis fan Jeropa neamd. It lânskip wurdt karakterisearre troch in bergen, mei grutte bosken, flakten en marren.
 
[[Ofbyld:Sami flag.svg|thumb|right|200px|De flagge fan de Saami.]]
== Libbenswize ==
De Saami hawwe noch in tradysjonele libbenswize. Rindieren leverje de Saami [[molke]], [[fleis]] en [[hûden]], boppedat dogge se tsjinst as lûkbisten foar de sliden. De befolking libbet yn tinten dy’t makke binne fan de hûden fan de rindieren. Dizze tinten binne maklik op te setten, ôf te brekken en te ferfieren.
 
Yn de winter libje de Saami al op ien plak mei harren bisten. Ynstee fan de tinten libje se dan yn lege huzen wêr’t grûn op leit om de huzen sa te isolearjen tsjin it kâlde waar.
 
== Hjoed de dei ==
De ôfrûne jierren ha der yn Laplân grutte feroarings plak fûn. Troch it finen fan [[izererts]] yn it gebiet binne der grutte diken en spoardiken oanlein nei it gebiet. Hjirtroch kamen de Saami yn nau kontakt mei de ‘beskaving’, wêrtroch in protte fan dizze nomaden oergong binne op [[fiskerij]], [[lânbou]] of selsstannich ûndernimmer wurden binne.
 
== Wrâlderfgoed ==
Yn it Sweedske part fan Laplân leit [[Lapoanje]], ien fan de fjirtjin Sweedske monuminten op de [[Wrâlderfgoedlist fan UNESCO]].
 
Rigel 59:
[[sr:Лапонија]]
[[sv:Sameland]]
[[tr:Laponya (bölge)]]
[[uk:Лапландія]]
[[zh:萨米]]