Punk rock: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij:ru,sl,he,no,it,tr,da,sv Anders:ja,nl,pt
B. (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
De woartels fan de punk rock lizze yn de orizjinele betsjutting fan de term, de [[garage rock]] út de betide jierren 60, mar ek yn de Ingelske pup-rock rûnten, betide driuwende krêften fan de avant-gardiskyske [[New Wave|new wave]] as [[Patti Smith]] en de dissonante styl fan de [[Velvet Underground]] dy't lang beskôge binne as de stifters fan de punk rock. Fan grut belang foar it ûnstean fan de streaming wie de winsk om werom te gean nei de simpelens fan de betide [[rock and roll]] en it fersmiten fan de algemiene streaming yn de muzyk fan dy tiid, dy't punk rockers seagen as pretinsjeleaze, ferkommersjalisearre, pompeuze en ûnynspirearre muzyk.
 
As kontrast sette de punk rock dêr in simpele, enerzjike, muzikale struktuer tsjinoer. 'Eltsenien kin spylje', wie it iene kredo, 'wat lûder en rûger wat better' it oare. Yn teksten en fraachpetearen feroarloven de artysten har frijheden, sawol yn politike as yn seksuele sin, dy't net earder fertoand wiene. Punk wie 'antianty-alles'.
 
[[Kategory:Muzyk]]
 
[[da:Punk]]