Herodotus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: vi:Herodotus
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: vi:Herodotos; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:AGMA Hérodote.jpg|right|thumb|Búste fan Herodotus]]
'''Herodotus''' (''[[Gryksk]]: ῾Ηρόδοτος῾Ηρόδοτος''; sa. [[485 f. Kr.]] - om-ende-by [[425 f. Kr.]], [[Thurii]]), wie in [[Grikelân|Grykske]] skriuwer, dy't sjoen wurdt as de earste skiedskriuwer.
 
== Libben ==
Herodotus kaam nei alle gedachten út in ûntwikkele húshâlding, hy hie in brede en djipgeande kennis fan alle literatuer út syn tiid. Op jonge leeftyd moast er fanwege persoanlike politike problemen ferhúzje, en gie er nei it Grykske eilân [[Samos]]. Yn de jierren dêrnei makke hy in rige stúdzjereizen troch de hiele doe bekende wrâld (ûnder oaren [[Grikelân]] sels, [[Lyts-Aazje]], Boppe-[[Egypte]], Noard-[[Afrika]], parten fan it [[Heine Easten]], it tsjintwurdige [[Oekraïne]] en de [[Krim]], en parten fan West-Jeropa. Sa koe er in protte kennis garje en beskikte hy oer in foar dy tiid seldsume kennis fan de wrâld.
 
Sa om syn fjirtichste libbensjier hinne fêstige hy him yn [[Atene]] (445 f. Kr.) dêr't er yn it iepenbier lêzingen hâlde oer syn reizen. Hjirtroch waard er opnommen yn de rûnte fan foaroansteande intellektuelen om de steatsman [[Perikles]] hinne. Ek de trageedzjeskriuwer [[Sofokles]] makke diel út fan dizze groep.
Rigel 11:
Herodus stoar yn Thurii en waard dêr ek begroeven.
 
== Wurken ==
Herodotus is de earste skriuwer dy't wy kenne dy't oer skiednis skreau.
Troch syn wichtige wurk ''Historiën'', wurdt Herodotus sjoen as de ''heit fan de skiedskriuwers''. Syn mânske bondeling fan boeken, dy't it midden hâldt tusken de ferhalen fan in reizger en it dúdlike besykjen fan in skiedkundige om in objektyf ferslach te dwaan fan de nijsgjirrichheden fan syn tiid. Yn de Historiën beskriuwt Herodus de [[Perzyske Oarloggen]], mar makket ek in soad sydsprongen nei oare skiedkundige en geografyske ûnderwerpen. Foar Herodotus wienen der al wol de [[logograaf|logografen]], mei as ien fan de wichtigste [[Hekataeus]], mar sy spitsten har benammen ta op beheindere saken as [[geografy]] en [[antropology]]. Herodotus hat in soad brûkt fan dizze skriuwers.
 
De ''Historiën'' binne it âldste grutte wurk fan Gryksk proaza dat bewarre bleaun is, en dêrmei ek fan de hiele Westerske literatuer. It fertoant noch d'udlike epyske skaaimerken: anekdoaten en novellen.
Rigel 97:
[[tr:Herodot]]
[[uk:Геродот]]
[[vi:HerodotusHerodotos]]
[[war:Herodotus]]
[[zh:希羅多德]]