Jonas Salk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw. opmaak
Rigel 5:
 
== Jonge jierren ==
Jonas Salk wie de âldste fan trije jonges fan Daniel B. Salk en Dora Salk. Op it [[City College]] yn New York woe er rjochten studearre, mar hy gong oer op in stúdzje medisinen oan it [[College of Medicine]] fan de [[New York University]]. Yn [[1938]] wurke er mei [[Thomas Francis]] oan it ûntwikkeljen fan in [[gryp]]faksin. Yn [[1939]] studearre er ôf, mar yn [[1942]] kaam er nei de [[University of Michigan]] dêr't er op 'e nij mei [[Thomas Francis]] oan in grypfaksin wurke. Mei troch dizze faksins, dy't yn de oarloch brûkt waarden troch it leger fan de [[Feriene Steaten]], kaam der nei de oarloch net in grypepidemy, lykas dat nei de [[Earste WraldkriichWrâldkriich]] al bart wie.
 
== Poliofaksin ==
Yn [[1947]] waard er oansteld oan de [[University of Pittsburgh Medical School]], dêr't er begûn oan de ûntwikkeling fan in [[polio]][[faksin]]. Hy hie hjir al wat teoretysk wurk oer dien, en op basis derfan, en it sukses fan it grypfaksin, krige er jildlike stipe fan de [[Nasjonale Stifting foar Berneferlamming]]. Hy kombinearre syn ûnderfining mei it grypfaksin mei ûntdekkingen fan oare ûndersykers yn it fjild, benammen dy fan [[John Enders]], en yn [[1952]] wie er sa fier dat er teste koe op frijwilligers, wêrûnder himsels en syn gesin. Om't de resultaten dêrfan goed wienen publisearre er yn [[1953]] yn it [[Journal of the American Medical Association]]. Yn [[1954]] waard begûn mei in test yn gâns it lân, dy't yndie it gefolch hie dat it tal fan poliogefallen tebek gong. Op [[12 april]] [[1955]] waard it sukses oankundige. Salk hat it faksin net patentearre, nei't er sei om't er woe dat it sa wiid mooglik ferspraad wurde soe.
 
== Rom ==
Rigel 19:
 
== Salk Institute ==
Yn [[1963]] stifte Jonas Salk it [[Salk Institute]] yn La Jolla, [[Kalifornje]], in ynstituut foar medysk en wittenskiplik ûndersyk. Hjir wurke Salk oan ferbettering fan it poliofaksin, en yn lettere jierren oan ûndersyk nei in [[AIDS]]-faksin. Hy is op [[23 juny]] [[1995]] yn La Jolla ferstoarn.
 
== Boeken ==
Salk publisearre ûnder oaren yn in tal fan boeken.
 
* ''Man Unfolding'' (1972)
* ''The Survival of the Wisest'' (1973)
* ''World Population and Human Values: A New Reality'' (1981)
* ''Anatomy of Reality'' (1983).
 
[[Kategory:Persoan|Salk, Jonas]]
[[Kategory:Genêskunde|Salk, Jonas]]
 
[[af:Jonas Salk]]