Muntsjesyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Oanfollings Muntsjesyl
L →‎De herfoarme tsjerke: Oanfolling oargel
Rigel 13:
It hat lang duorre foar't Muntsjesyl sels in tsjerke krige. Dy is der kommen mei in subsydzje fan de Steaten yn 1655. It liket derop dat de Boerumers der net folle foar fielden, want der is tsien jier oer de bou dien. Op 13 augustus 1665 holde ds. Johannes de Grauw syn earste preek yn de nije tsjerke. Oant 1856 ta waarden de tsjerketiden oanjûn troch in hoarn. Der waard om de safolle tiid wer wat oan de tsjerke ferboud. Yn 1899 waard besletten om it ris goed oan te pakken. De arsjitekt H.A. Zondag krige de opdracht om in fernijde tsjerke te ûntwerpen. Zondag liet him ynspirearje troch de Renêsânse.
Boerum en Muntsjesyl foarmje altyd noch in kombinaasje.
 
Muntsjesyl hat in oargel út om 1755 hinne. Wa't it boud hat is net bekend. Wis is dat de barokke kas makke is foar rooms-katolike skûltsjerek 'In den Toren' te [[Amsterdam]] . Fia de grifformearde tsjerke yn [[Ommen]] is it yn Muntsjesyl te lâne kommen. Yn 1985 hat de oargelbouwer A.J. Opten it ûnder hannen hân.
 
==De Grifformeare tsjerke==