Florâns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ext:Floréncia; tekstwiziging
Rigel 2:
'''Florâns''' ([[Italjaansk]]: ''Firenze'') is in stêd yn [[Itaalje]]. It is de haadstêd fan de de regio [[Toskane]] en de provinsje [[Florâns (provinsje)|Florâns]]. Yn de stêd wenje sa'n 356.000 minsken en leit oan de rivier de [[Arno (rivier)|Arno]]. De stêd stiet bekend as de widze fan de [[Renêssânse]] en jildt dêrmei as ien fan de wichtichste kultuerstêden fan Jeropa.
 
== Skiednis ==
Florâns waard stifte yn it jier [[59]] troch [[Romeinen|Romeinske]] feteranen dy't út it leger ûntslein waarden. Sy neamden harren stêd 'Florentia' ([[Latyn]] foar 'bloei').
 
Ieuwenlang soe de stêd bestjoerd wurde troch de bankiersfamylje de [[Medisi]], wêrfan de measten in grutte belangstelling foar keunsten hiene krekt as de [[skilderkeunst]], [[byldhoukeunst]], [[arsjitektuer]] en [[literatuer]]. De Medisi regearen sûnt de [[15e ieu]] oant [[1737]].
 
== Florâns en de Renêssânse ==
Florâns is de meast útsprutsen renêssânsestêd fan Itaalje. Nearne oars yn Itaalje binne sa'n protte gebouwen en keunstwurken út dat tiidrek.
 
It belang fan Florâns as hannelsstêd docht ûnder mear bliken út it feit dat de pleatslike munt, de ''fiorino d'oro'' of Gouden Florijn, de namme liende oan in protte oare, krekt as de Hongaarske [[forint]] en dy fan Nederlân.
 
== Nijsgjirrichheden ==
=== Tsjerken ===
*[[Santa Maria del Fiore]], dy't yn de folksmûle '''Duomo''' (''dom'') neamd wurdt, mei de grutte koepel, dy't ûntwurpen is troch [[Brunelleschi]], hat de stêd ynternasjonale faam jûn.
* [[Basilica San Lorenzo]]
* [[Santa Maria del Carmine]] mei de kapel ''La Capella Brancacci''
Rigel 23:
* [[Santo Spirito]]
 
=== Brêgen ===
* [[Ponte Vecchio]] (''âlde brêge''), dy't boud is yn [[1345]], en de '''Corridoio Vasariano''', dy't ûntwurpen is yn [[1565]], lûke in soad toeristen. Wat de Ponte Vecchio unyk makket is de gong dy't boppe de winkeltjes rint. Eartiids rûnen de leden fan de foaroansteande Medisi-famylje hjir by lâns sadat sy har net ûnder it gewoane folk hoegden te bejaan.
 
<gallery>
Rigel 39:
<br style="clear: left"/>
 
== Keppeling om utens ==
 
* [http://www.comune.fi.it/ Offisjele side fan de gemeente Florâns]
Rigel 71:
[[et:Firenze]]
[[eu:Florentzia]]
[[ext:Floréncia]]
[[fa:فلورانس]]
[[fi:Firenze]]