Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kepp.
útwriede, mocht noch wol even in eagje oerhinne
Rigel 8:
 
Hy boaske [[25 novimber]] [[1587]] mei Willem fan Oranje syn dochter, [[Anna fan Nassau]], mar sy ferstoar noch net in jier letter. Nei de dea fan syn heit waard er yn [[1607]] greve fan Nassau. Om't er sels gjin bern hie gong dy titel nei syn dea oer op syn broer, [[Georg fan Nassau-Dietz]]. Syn broer [[Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz|Ernst Kasimir]] folge him op as steedhâlder fan Fryslân.
 
==Oemasterder fan Grins==
Willem Loadeyk spile yn de jierren foar it [[Tolfjierrich Bestân]] yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] in wichtige rol yn de oarloch, tegearre mei syn neef en sweager [[Maurits fan Oranje|Maurits fan Nassau]]. Hy fierde wichtige herfoarmingen yn it leger troch. Oan de iene kant soarge hy derfoar dat de soldaten geregeldwei harren soldij krigen, oan de oare kant langde hy as tsjinprestaasje uterste dissipline. Hy wie hiel bot foarstanner fan in oanfalskriich: yn stee fan de opstannige Nederlânske gebieten te beskermjen tsjin [[Spanje|Spaanske]] oanfallen, moasten de opstannelingen aktyf de Spaanske gebieten oanfallen. Dêrby brûkte hy en Maurits oarlogstechnieken dy't ieuwen earder troch de Romeinen al brûkt waarden.
 
Greef Willem Loadewyk is fral bekend wurden om syn taktyk dy't ek wol de "Grinzer Skansenkriich" neamd wurdt. Grins wie yn Spaanske hannen foel troch it oerrinnen fan de greef fan [[George fan Lalaing|Rennenberch]] en it gewest Fryslân soe it folgjend doelwit wurde. Nei inkele (misleare) besikingen yn 1583 en 1587 (de list fan [[Enumatil]]) dêr't hy Grins by rjochtstreeks op de Spanjerts û.l.f. kolonel Francisco Verdugo ferovere woe, sette hy 1589 syn plan útein om de [[hearwei|heirwegen]] nei de stêd stikje by stikje ôf te sluten, sadat it befoarriedzje nei Grins stopset waard. Yn 1589 waard de tagongswei langs it [[Reitdjip]] ôfsletten troch it fersterken fan de sterkte "De Opslag". Twa jier letter waard de fortifikaasje by de Delfsilen fersterke en waarden der Steatse troepen legere. Yn 1592 waarden [[Stienwyk]] en [[Koevorden]] foarfêst troch de Steatsen ynnomd en fersterke. Lang om let waard op de lêste pas (dy't nei it Dútske Lingen) op de boerentange de festing [[Bourtange]] boud, dêr't alle heirwegen troch ôfsletten waarden. Foarts waarden û.o de skansen [[Bellingwolde]]rzijl (it lettere [[Aldeskans (Grins)|Aldeskans]]), de [[Leek (Grins)|Leek]] en de Zwartendijksterschans boud om de keunstmjittich ferheegde wegen troch de hege feansompen ûnder kontrole te krijen. Ek waarden it hús te [[Ruinen]] en de burcht te [[Wedde (Grins)|Wedde]] oermastere op de Spanjerts en fersterke.
Yn 1594 waard it doel fan de kriich yn it noarden berikt. Op 23 july waard de stêd Grins, nei in belis fan dochs noch inkele wiken, op de Spanjerts ferovere en waard it Traktaat fan Reduksje tekene. De stêd Grins makke sûnt dy tiid wer part fan de Republyk út (1579) en Willem Loadewyk waard ek steedhâlder fan it nije gewest: Stad en Lande.
 
==Oar==