Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 12:
Willem Loadewyk spile yn de jierren foar it [[Tolfjierrich Bestân]] yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] in wichtige rol yn de oarloch, tegearre mei syn neef en sweager [[Maurits fan Oranje|Maurits fan Nassau]]. Hy fierde wichtige herfoarmingen yn it leger troch. Oan de iene kant soarge hy derfoar dat de soldaten geregeldwei harren soldij krigen, oan de oare kant ferge hy as tsjinprestaasje uterste dissipline. Hy wie hiel bot foarstanner fan in oanfalskriich: ynstee fan de opstannige Nederlânske gebieten te beskermjen tsjin [[Spanje|Spaanske]] oanfallen, moasten de opstannelingen aktyf de Spaanske gebieten oanfalle. Dêrby brûkten hy en Maurits oarlogstechniken dy't ieuwen earder troch de Romeinen al brûkt waarden.
 
Greve Willem Loadewyk is fral bekend wurden om syn taktyk dy't ek wol de "Grinzer Skânsenkriich" neamd wurdt. Grins wie yn Spaanske hannen fallen troch it oerrinnen fan de greve fan [[George fan Lalaing|Rennenberch]] en it gewest Fryslân soe it folgjend doelwyt wurde. Nei inkele (mislearre) besikingen yn 1583 en 1587 (de list fan [[Enumatil]]) dêr't hy Grins by rjochtstreeks op de Spanjerts û.l.f. kolonel Francisco Verdugo ferovere woe, sette hy 1589 syn plan útein om de [[hearwei|heirwegenhearwegen]] nei de stêd stikje by stikje ôf te sluten, sadat it befoarriedzje nei Grins stopset waard. Yn 1589 waard de tagongswei langs it [[Reitdjip]] ôfsletten troch it fersterkenfersterkjen fan de sterkte "De OpslagOpslach". Twa jier letter waard de fortifikaasje by de Delfsilen fersterke en waarden der Steatse troepen legere. Yn 1592 waarden [[Stienwyk]] en [[Koevorden]] foarfêst troch de Steatsen ynnomd en fersterke. Lang om let waard op de lêste pas (dy't nei it Dútske Lingen) op de boerentangeboeretange de festing [[Bourtange]] boud, dêr't alle heirwegenhearwegen troch ôfsletten waarden. Fierders waarden û.o de skânsen [[Bellingwolde]]rsyl (it lettere [[Aldeskâns (Grins)|Aldeskâns]]), [[de Like]] en de Swartendyksterskâns boud om de keunstmjittich ferheegdeferhege wegen troch de hege feansompen ûnder kontrole te krijen. Ek waarden it hús te [[Ruinen]] en de burchtboarcht te [[Wedde (Grins)|Wedde]] oermastere op de Spanjerts en fersterke.
Yn 1594 waard it doel fan de kriich yn it noarden berikt. Op [[23 july]] waard de stêd Grins, nei in belis fan dochs noch inkele wiken, op de Spanjerts ferovere en waard it Traktaat fan Reduksje tekene. De stêd Grins makke sûnt dy tiid wer part fan de Republyk út (1579) en Willem Loadewyk waard ek steedhâlder fan it nije gewest: Stad en Lande.
 
==Oar==