West-Skylge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: fr:West-Terschelling
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red en kaartsje
Rigel 1:
[[Ofbyld:LocatieTerschelling.png|thumb|right|300px|''Lizzing fan Skylge'']]
'''West-Skylge''' is it grutste doarp op it [[Fryske eilannen|Waadeilân]] [[Skylge]]. Mei 2.580 ynwenners is West-Skylge it haadplak fan it [[eilân]]. De bewenners fan Skylge nimme it plak ‘West’. De âlde buorren wurdt Ald-West neamd, dêr omhinne binne in grut tal nije wenwyken boud.
 
== It doarp ==
De grutste winkelstrjitten fan West binne de Toerstrjitte en de Beamstrjitte. Hjir binne inkele tsientallen winkels, restaurants, ythûzen en inkele hotels te finen. Yn de Kommandeurstrjitte, froeger de Lange Buorren, is it kultuer-histoarysk musem ‘It Bewarre Hûs’ fêstige. Yn dit museum kin men alles te witten komme oer de kultuer en de skiednis fan Skylge. Ek binne der yn West-Skylge in natuer-histoarysk museum en in fiskersmuseum te finen.
 
Line 10 ⟶ 11:
Sûnt [[1 jannewaris]] [[1875]] stiet yn West-Skylge de skoalle it [[Maritym Ynstitút Willem Barentsz]].
 
== Skiednis ==
West-Skylge ûntstie yn de [[12e ieu]] op in [[sânplaat]] dy’t in ieu earder oan it eilân Skylge fêst groeide. De namme fan it doarp, en fan it eilân Skylge sels, komt fan de namme fan dizze sânplaat.
 
Line 21 ⟶ 22:
West-Skylge hat jierrenlang lêst hân fan kusteroazje. Troch it ferpleatsen fan in slinke yn noardlike rjochting ferdwûn tusken [[1600]] en [[1800]] in grut part fan it dúngebiet oan de eastkant fan it doarp de see yn. Ek in grut part fan it doarp sels ferdwûn yn de see. Uteinlik waard mei in stelsel fan damen, dy’t oanlein waarden tusken [[1780]] en [[1840]], foarkaam dat it doarp noch fierder yn de see ferdwûn.
 
== Buorskippen ==
Eastlik fan West-Skylge lizze de buorskippen [[Dellewâl]] en [[Healwei]]. Dizze buorskippen hearre ek ta it doarpsgebiet fan West-Skylge. By Dellewâl lei eartiids it doarpke [[Wolmerum]]. Dit doarp is troch kusteroazje hielendeal yn see ferdwûn.
 
== Wichtige plakken en gebouwen ==
* [[It Bewarre Hús]]: It kultuer-histoarysk musem fan Skylge.
* De [[Brandaris]]: De fjoertoer fan Skylge.
* De [[Sint-Jantsjerke]]: De tsjerke fan West-Skylge.
 
[[Kategory:Skylge]]