Ryddjip (rivier): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
foto der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 1:
[[Ofbyld:Reitdiep 1.JPG|thumb|right|''It Reitdjip by Sâltkamp.'']]
[[Ofbyld:Reitdiep 2.JPG|thumb|right|''De Fryske side út [[Sâltkamp]] wei sjoen'']]]]
It '''Reitdjip''' is in wetter dat fan [[Grins (stêd)|Grins]], by de [[Noarderhaven]], nei de [[Lauwersmar]] ta rint.
 
Fan [[Wierumerskou]] ôf is it Reitdjip de kanalisearre [[ûnderrin]] fan de [[Hunze]]. It part fan Grins oant de Wierumerskou is sûnt [[1385]] de dolle ûnderrin fan de [[Drintske Aa]]. It part wurdt ek wol it ''ZwanerakSwannerak'' neamd, mar dizze namme is yn ûnbrûk rekke. Yn it ferline binne, as gefolch fan fersâning, parten rjochtlutsen. Guon fan dizze parten habbe har eigen namme. It Zwaluwrak ([[1622]]) leit benoarden [[Oldehove]], it [[Langerak]] ([[1629]]) leit by Garnwerd.
 
Oant de oanlis fan it [[Iemskanaal]] yn [[1876]] wie it Reitdjip de ienige ferbining fan Grins mei de see. De Noarderhaven fan Grins wie dan ek in [[tijhaven]]. Troch it lizzen fan in dyk fan Sâltkamp nei de NittershoekNittershoeke, mei dêryn in [[syl]] en in skutslûs ferdwûn de iepen ferbining. Yn 1877 wie de ôfsluting folslein. Mei dit alles ferdwûn ek de ynfloed fan it tij út de stêd.
 
Oan de ein fan it Reitdjip leit de [[Sâltkamp]] dat, oant de ôfsluting fan de [[Lauwerssee]] yn [[1969]], in fiskershaven wie. It Reitdjip ferfolget har wei yn it [[Lauwersmar]]gebiet as de ''Sâltkamperril'', de [[Slinke]] en it [[Farwetter]]farwetter nei [[De Skâns]].
 
It Reitdjip is de wichtigste ôfwettering fan it noarden en it westen fan [[Grinslân]] en de kop fan [[Drinte]]. Yn it djip leit it boezemgemaal [[De Wetterwolf]], by it buorskip [[Lammerbuorren]], dat ek wol ''Electra'' neamd wurdt.
 
== It Reitdjipgebiet ==
It gebiet wêryn it Reitdjip streamt is ien fan de âldste kultuerlânskippen fan [[Jeropa]]. De bot [[meander]]jende rivier fan de Hunze, no it Reitdjip, ferbûn Grins mei de see. Yn it hjoeddeiske lânskip binne op in protte plakken de âlde rivierbêden noch goed te sjen, bygelyks by it [[Ald Djip]]. De earste ferkavelings binne noch goed te sjen en kwealik feroare troch de jierren. De measte linen binne sa'n 1000 jier âld. It Reitdjip en de omkriten, benammen it gebiet tusken it [[Van Starkenborghkanaal]] en it [[Winsumerdjip]], is in ekolokysk nijsgjirrich gebiet, wêrfan grutte parten ynrjochte binne as natoergebiet. Dizze gebieten wurde ûnderhâlden troch de stifting [[HetIt GroningerGrinslanner LandschapLânskip]].
 
== Plakken oan it Reitdjip ==