Minnistedútsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
opmaak
Rigel 21:
 
In grut part fan 'e lju yn 'e minnistyske mienskippen dêr't it Minnistedútsk ûntstie, wie ôfkomstich út [[Fryslân]] en oare parten fan 'e [[Nederlannen]]. Yn 'e wurdskat fan it Minnistedútsk binne noch altyd ynfloeden fan it [[Nederlânsk]] en it [[Frysk]] werkenber.
 
 
== Sprekkerstal ==
 
It Minnistedútsk wurdt sprutsen troch sa'n 400.000 minsken, dêr't 150.000 fan it noch alle dagen brûke. Foar hast 111.000 minsken yn [[Súd-Amearika]] is it Minnistedútsk sels de iennichste taal dy't se sprekke kinne.
 
Line 81 ⟶ 79:
|}
|}
 
Yn it sprekkerstal yn [[Paraguay]] binne ek 19.000 minsken meirekkene dy't sawol Minnistedútsk as [[Dútsk|Standertdútsk]] as memmetaal hawwe. Fierders wurdt it Minnistedútsk ek sprutsen troch tige lytse mienskippen yn [[Kosta Rika]], [[Argentynje]] en [[Urûguay]].
 
== Skiednis ==
 
It Minnistedútsk is ûntstien út it [[Nederdútsk]] dat sprutsen waard yn 'e minnistyske mienskippen dy't harren fan 'e sechstjinde ieu ôf oan 'e rivier de [[Weichsel]] yn it hjoeddeiske [[Poalen]] fêstigen. Dy [[minnisten]] wienen religieuze flechtlingen, dy't yn 'e [[Nederlannen]] en it [[Dútske Ryk]] ferfolge waarden om't se oanhingers wienen fan 'e ferneamde [[Fryslân|Fryske]] tsjerkeherfoarmer [[Minne Simens]].
 
Line 92 ⟶ 88:
De minnisten dy't yn 'e [[Oekraïne]] efterbleauwen, waarden yn [[1941]] mei de oare [[Ruslândútsers]] nei [[Sibearje]] en [[Sintraal-Aazje]] deportearre. Sûnt de fal fan it [[kommunisme]] en it útinoarfallen fan 'e [[Sowjetuny]] yn [[1991]] is it meastepart fan harren nei [[Dútslân]] emigrearre.
 
== Keppeling om utens ==
 
== Eksterne Keppelings ==
 
*[http://www.ethnologue.org/show_language.asp?code=GRN Ethnologue report for Plautdietsch]
*[http://www.plautdietsch-freunde.de/home.php4?action=1&artikelnr=1110 Was ist Plautdietsch]