Ferskil tusken ferzjes fan "Elbe"

5 bytes grutter ,  12 jier lyn
L
Bot - oars: bs:Laba; tekstwiziging
L (Bot - derby: stq:Elbe)
L (Bot - oars: bs:Laba; tekstwiziging)
De '''Elbe''' (Tsjechysk: ''Labe'') is mei in lengte fan 1164 [[kilometer]] en in [[streamgebiet]] fan 144.000 km² ien fan de wichtichste [[rivier]]en fan [[Midden-Jeropa]]. De Elbe ûntspringt yn it [[Reuzebergte]] en mûnet út yn 'e [[Noardsee]]. Har grutste sydrivieren binne de [[Moldau]] en de [[Saale]]. Yn Nederlân hat de rivier ferneamd west as de ''Elve''.
 
== Rin fan de rivier ==
De Elbe ûntspringt yn it Reuzebergte yn [[Tsjechje]]. Fia [[Pardubytsje]] en [[Ústí nad Labem]] rint de rivier nei it westen en komt súdeastlik fan [[Dresden]], [[Dútslân]] (dielsteat [[Saksen (dielsteat)|Saksen]]) yn. It bercheftich gebiet oant Dresden hjit de ''Sächsische Schweiz''. Fan [[Riesa]] ôf berikt de Elbe it leechlân en begjint de middenrin fan de rivier.
 
[[Ofbyld:Koenigstein Elbeblick.jpg|left|thumb|250px|''De Elbe by Königstein yn de ''Sächsische Schweiz'']] Fia [[Dessau]] en [[Magdeburg (stêd)|Maagdenburg]] ferrint de middenrin fan de Elbe fierder yn noardwestlike rjochting. By it stêdsje [[Lauenburch]] begjint it Elbe-Lubekkanaal, dat de rivier sûnt 1900 mei de [[Eastsee]] ferbynt. In bytsje fierder streamôfwaarts is der by [[Geesthacht]] in [[stúw]]: fan dêr ôf is der [[getij]]wurking en begjint de ûnderrin fan de rivier.
 
Oan de ûnderrin oerhearsket de stêd [[Hamburch]], de grutste stêd oan de Elbe. De Elbe dielt har hjir yn twa tûken op: de ''Noarderelbe'' en de ''Suderelbe'', dy't letter wer byinoar komme. It part fan de ûnderrin fan Hamburch oant de Noardsee is bekend as de ''Niederelbe''.
Yn augustus 2002 hienen grutte dielen fan it streamgebiet fan de Elbe as gefolch fan oerfloedige reinfal te krijen mei earnstige oerstreamings.
 
== Sydrivieren ==
* [[Moldau]] (''Vltava'') (lofts)
* [[Ohře|Eger]] (''Ohře'') (lofts)
* [[Tanger (rivier)|Tanger]]
 
== Stêden oan de Elbe ==
[[Špindlerův Mlýn]], [[Vrchlabí]], [[Dvur Králové nad Labem]], [[Jaroměř]], [[Hradec Králové]], [[Pardubice]], [[Kolín]], [[Poděbrady]], [[Nymburk]], [[Lysá nad Labem]], [[Celákovice]], [[Brandýs nad Labem - Stará Boleslav]], [[Neratovice]], [[Melník]], [[Roudnice nad Labem]], [[Litoměřice]], [[Lovosice]], [[Ústí nad Labem]], [[Děčín]], [[Bad Schandau]], [[Königstein]], [[Pirna]], [[Heidenau]], [[Dresden]], [[Radebeul]], [[Meißen (stad)|Meißen]], [[Riesa]], [[Strehla]], [[Torgau]], [[Lutherstadt Wittenberg]], [[Dessau]], [[Magdeburg (stad)|Magdeburg]], [[Tangermünde]], [[Wittenberge]], [[Hitzacker]], [[Boizenburg/Elbe]], [[Lauenburg]], [[Geesthacht]], [[Hamburch]], [[Wedel]], [[Glückstadt]], [[Brunsbüttel]], [[Otterndorf]], [[Cuxhaven (stêd)|Cuxhaven]].
 
[[bg:Елба (река)]]
[[br:Elbe]]
[[bs:ElbaLaba]]
[[ca:Elba (riu)]]
[[cy:Afon Elbe]]
[[lv:Elba]]
[[ms:Sungai Elbe]]
[[no:Elben]]
[[nds:Ilv]]
[[nl:Elbe]]
[[nn:Elbe]]
[[no:Elben]]
[[pl:Łaba]]
[[pt:Rio Elba]]
45.959

bewurkings