Poppenwier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
offisjeel Frysk
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kaartsje der by
Rigel 1:
[[Bestand:LocatiePoppenwier.png|thumb|300px|right|''lizzing fan Poppenwier'']]
[[Ofbyld:Map NL Boarnsterhim Poppenwier.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Poppenwier]]
'''Poppenwier''' (''offisjeel Frysk, Nederlânsk: Poppingawier'') is in doarp yn de gemeente [[Boarnsterhim]], tusken [[Jirnsum]] en [[Dearsum]] oan de [[Snitser Aldfeart]]. It doarp hat likernôch 190 ynwenners (2004). Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]] makke Poppenwier diel út fan de eardere gemeente [[Raarderhim]], neamd nei ien fan de Himpolders. De namme Poppenwier komt út de [[14e ieu]] fan de manljusnamme Poppe, mei wier yn de betsjutting fan terp.
Line 8 ⟶ 9:
It doarp moat al hiel âld wêze. Der binne potskerven fûn út de [[1e ieu]] oant de [[10e ieu]]. Yn 1478 waard even benoarden Poppenwier it kleaster [[Kleaster Ingwert|Ingwert]] stifte, in kleaster fan de grauwe beginen.
 
== Mienskip ==
De bern gean meast nei de skoalle fan [[Tersoal]] en [[Raerd]]. De befolking fan it doarp bestiet foar in grut part út "immigranten". Nei de sluting fan it doarpshûs anneks kafee ''De Herberch'' hat de doarpsmienskip it nije doarpshûs ''De Trilker'' boud, it hert fan it kulturele en sosjale libben. Der is in feriening foar Pleatslik Belang, de Merkekommisje is foar de feesten. De stifting Pop'nPop organisearret oan it lân oan de Marsherne in muzikaal túnfeest. Yn it doarpshûs sit ek jeugdsoas Catweazle. Der binne de lêste jierren in tal festiviteiten mei [[pream]]men, sa is der in wedstryd tusken preammen fan doarpen yn de Legeaën.
=== Ferienings ===
* Foarút - toaniel
* Auke Roukes - koar
Line 22 ⟶ 24:
* dartklub
Foarhinne wie der ek in tafeltennis en jeugdbiljertferiening. Ek wie der eartiids it "[[Poppenwierster kuorbal]]".
== Befolking ==
*[[1954]] - 279
*[[1959]] - 238
Line 31 ⟶ 33:
*[[2004]] - 184
 
== Sjoch ek ==
* [[Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân]]
* [[Fryske doarpen]]
 
== Strjitten ==
Binnenbuorren, Bûtenbuorren, Bûtlânswei, Fiskerssteech, [[Harsta]]wei, [[Ingwert]], Marsherne, Pôle, Skoalsteech.
== Keppeling om utens ==
*[http://www.poppenwier.com/ Webstee Poppenwier]