Oerterp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
foto fan nl:
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 36:
Oan de Mûnestrjitte stiet it stiennen ûnderstik fan in achtkante reiddekte stelling[[nôtmole]]. It stee dêr't de stellingskoaren fêstsitten hawwe is noch te sjen oan de heakken yn de muorre. Dizze waard dêr boud yn 1872 mei ûnderdielen fan in ôfbrutsen [[houtseachmole]] út de Saanstreek. Hy hiet "De Swarte Brúnfisk". Yn 1925 knapte in moleroede en waard der in motor ûnderyn de mole setten. De mole-as waard yn [[1927]] ferkocht nei [[Aduard]] en is dêr yn de noch besteande wettermole (troch wetter oandreaune mole) set. It hûs rjochts derneist wie de mûnderswente dy't letter, om 1911 hinne, byboud waard. De âlde mûnderswente stiet noch oan de saneamde "Kaltsreed".
 
Om 1670 waard hjir flakby, oan de hjoeddeiske Postleane, in [[Folmole|folmole]] boud foar it [[follen]]"foljen" (it fertichtsjen fan de stof troch de fezels dêrfan de iepeningen yn it weefsel opfolje te litten) fan weefde wollen stoffen mei stampers yn bakken mei ûnder mear [[urine]]. Troch se sa folje te litten waarden se tichter en dus waarmer. De [[wol]] sil komd wêze fan de skiep dy't op de heide hâlden waarden en sil troch in soad minsken thús spûn en weefd wêze. Yn 1749 wie Jan Sanders timmerman en folmulder yn Oerterp. De mole ferdwûn nei 1800. De yntiids renovearre mole stiet oan de Weibuorren 22 yn Oerterp
 
== Mienskip ==