Midslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kaartsje der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
Rigel 1:
[[Ofbyld:LocatieMidsland.png|thumb|right|''lizzing fan Midslân'']]
'''Midslân''' (''Midsland'') is in doarp yn de gemeente [[Skylge]]. Sa't de namme al oanjout hat it yn it ferline midden op it eilân lein. Sûnt de [[Boskplaat]] it eilân de helte grutter makke hat leit it lykwols op it westlik part fan it eilân. It doarp hatis 876mei 871 ynwenners (2005) it ien grutste doarp fan Skylge.
Yn de buorren fan [[Midslân]] stiet in tsjerke mei in begraafplak der omhinne. Dizze tsjerke is boud yn [[1880]], nei de sloop fan de om 1400 boude Sint Willebrordustsjerke. De âlde tsjerkeklok út [[1512]] is it ienige dat noch fan de Willebrordustsjerke oer is.
 
== Skiednis ==
Midslân wie fanâlds it bestjoerssintrum fan it waadeilân Skylge. Op [[29 desimber]] [[1612]] passearde de Akte fan Skieding, wêrby't Skylge opsplitst waard yn twa ferskillende gemeentes West-Skylge en East-Skylge. Midslân wie fan doe ôf oan it bestjoerssintrum fan East-Skylge. In [[drost]] bestjoerde út it Drosthûs wei it eastlike diel fan it eilân. Pas nei de Frânske besetting feroare dit. Skylge waard wer ien gemeente, mar it bestjoerssintrum waard ferpleatst nei [[West-Skylge]].
 
== Ekonomy ==
Fan oarsprong is Midslân in boeredoarp. Feehâlderij wie it foarnaamste middel fan bestean. Wyls is der gjin inkele feehâlder mear oer, en is toerisme de grutste ynkommensboarne. It doarp hat ferskate foarsjennings foar de toerist, wêrûnder 1 hotel, 3 pensjons, 6 kroegen, 1 diskoteek, 11 restaurants en ythúskes, en ferskate campings en simmerhúsketerreinen. Fierders is der yn Midslân in legere skoalle, in middelbere skoalle (MAFÛ/FMBÛ), in sportfjildekompleks, in helihaven (foar ferfier fan pasjinten), in supermerk, in benzinepomp en it pleatslike kantoar fan de Stifting Oerol, dy't op Skylge it jierlikse [[Oerol Festival]] organisearret.
 
== Gea ==
Der lizze benammen greiden om Midslân hinne. De delten ten suden en ten noarden fan it doarp binne oerbliuwsels fan âlde slinkepatroanen út de tiid dat Skylge noch net bedike wie.
 
Ten noarden fan Midslân lizze de simmerhûs-delsettingen [[Midslân-Noard]] en [[Midslân oan See]].
 
It doarp [[Stryp]] heart formeel ta de himrik fan Midslân.
 
== Kultuer ==
Midslân is ien fan de doarpen op east Skylge dêr't op 6 desimber jierliks [[Sunderum]] fierd wurdt.
Midslân hat in eigen doarpsbestjoer, de ''buorlju fan Midslân''. Dizze bueren, de folwoeksen manlike ynwenners fan it doarp, fergaderje op de tredde freed fan it nije jier by it ''buorrebier'', om de problemen fan it doarp op te lossen. Yn Midslân jildt de ''buorplicht'', de ferplichting soarch foar de mei-ynwenners te dragen. Dy soarch hâldt mei it organisearjen fan de begraffenis fan ferstoarne doarpsgenoaten yn.
Op 25 juny wurdt yn Midslân jierliks it SintJansfeest hâlden, in draverij mei hynders sûnder seal yn de de buorren, de Easterbuorren.
Midslân hat in folksdûnsdferiening, yn de simmer treedt dy feriening op. Dizze feriening hat [[dracht]] oan dy't dêr eartiids op snein droegen waard. Yn maart wurdt jierliks it Iepen Skylger Dartstoernoai spile. Op ferskillende lokaasjes wurdt der om ferskillende titels striden lykas de dames en heren single, it ferrassingskeppeltoernoai en de fêst dames en hearen keppeltoernoaien. Ek oan de jeugd wurdt tocht middels in jeugdtoernoai en in âlder-bern toernoai. Foar eventuele dielname oan it toernoai moat ier genôch ynskreaun wurde.
 
Midslân is ek it doarp dêr't troch [[Joop Mulder]] it Oerol Festival betocht waard as lytsskalich strjitteteaterfestival en no útgroeid is ta in festival fan nasjonale betsjutting.
 
Ut Midslân wei is it ljocht fan de [[Brandaris]] te sjen.
 
== Dialekten ==
Oars as op oare dielen fan Skylge wurde yn Midslân en dêr omhinne gjin Fryske dialekten sprutsen, mar in Hollânsk dialekt, it [[Midslânsk]] of [[Meslânzers]]. It dialect is fergelykber mei it [[Stedsfrysk]].
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
{{Koördinaten|53_22_57_N_5_17_9_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 23' NB, 5° 17' EL}}
{{Stobbe}}
 
[[Kategory:Skylge]]