Loaiïngea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L linkfix
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 3:
'''Loaiïngea''' (''offisjeel Nederlânsk: Loënga'') is in terpdoarp yn de gemeente [[Snits (gemeente)|Snits]], krekt noardeast fan de stêd. It is ien fan de doarpen fan de [[Snitser Fiifgea]]. Oant de gemeentlike weryndieling yn [[1984]] makke it diel út fan de gemeente [[Wymbritseradeel]], krektas [[Ysbrechtum]] en [[Offenwier]]. It doarp hat likernôch 66 ynwenners (2005).
 
De himrik fan Loaiïngea rûn earder wol oan [[Goaiïngea]] en [[Skearnegoutum]] ta. It lei oer de [[Swette]] oant wêr't no de noardlike wiken fan Snits binne. Der wie doe ek in opfeart nei de [[Snitser Aldfeart]].
 
Op it begraafplak stiet ek ien fan de [[Klokkestuollen yn Fryslân]], in ryksmonumint. De âlde klok út 1635 is troch de Dútsers meinomd en yn 1950 is der in nijen-ien foar yn de klokkestoel hong. Hjir stie al yn 1335 in tsjerke dy't wijd wie oan Sint Nikolaas. Hy waard om 1745 ôfbrutsen troch de minne steat fan it gebou.
 
De pleats Pasveer is nei in grutte brân yn 1939 yn Fryske styl wer opboud.
== Befolking: ==
*[[1954]] - 92
*[[1959]] - 84
Rigel 16:
*[[2005]] - 66
 
== Strjitten ==
*''ds Sipke Huysmansleane'' - Dûmny [[Sipke Huysmans]] sette him yn foar it Frysk en wie ien fan de oprjochters fan it Kristlik Frysk Selskip. Op it hôf leit syn sark.
*''Ivige Leane'' - dizze âlde lean is tige lang en rjocht