Carel Fabritius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
 
==Biografy==
Fabritius waaard berne yn de doe noch mar tsien jier âlde [[Beemster]] [[polder]], as de soan fan in skoalmaster. Syn pake kaam fan [[Gint]] en wie dûmny. Earst waard erCarel timmerman (= fabritius). Hy troude yn [[1641]] mei syn begoedige buorfamke, de suster fan de pleatslike dûmny en sette him ta wenjen yn [[Amsterdam]], yn de Runstrjitte.

Yn de iere 1640er jierren waard er learling yn Rembrandt syn atelier yn [[Amsterdam]], tegearre mei syn broer [[Barent Fabritius]]. Efkes nei 1650 ferhûze er nei [[Delft]], en slette er him oan by it Delftske skilders[[gilde]] yn [[1652]]. Fabritius stoar mei jonge jierren yn de grutte eksploasje fan it Delftske krûtmagazyn op [[12 oktober]] [[1654]] dêr’t in fearns part fan dy stêd by ferneatige waard. Ek Fabritius syn skilderijen giene foar it grutste part ferlern, mar sa’n tolve hawwe it oerlibbe. Neffens Houbraken kamen syn learling Mattias Spoors en de (tsjerke) deken Simon Decker tagelyk mei him om; sy wiene mei inoar dwaande oan in skildrij. Yn in gedicht fan Arnold Bon ta syn eare, wurdt er trouwens Karel Faber neamd.<ref>[http://www.dbnl.org/tekst/houb005groo01_01/houb005groo01_01_0436.htm Karel Fabricius biography] in ''De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen'' (1718) troch Arnold Houbraken, DBNL</ref>.
 
Fabritius wie de iennichste fan Rembrandt syn learlingen dy’t in eigen styl ûntwikkele hat. In portret yn de styl fan Rembrandt soe in wat tsjustere eftergrûn krigen hawwe mei in soarte fan ‘’spotlight’’ op it subject of in part dêrfan (claire-obscure). By Fabritius wurdt it kleuriger en fleuriger, mei kleuriger - en ljochtere eftergrûnnen. Fierders make er him los fan de Renêssansistyske [[ikoanografy]] en wie er nijsgierrich wat de technyske kant fan it skilderjen oanbelanget. Hy eksperimintearre mei it perspektyf wat somtiden wat oerdreaun waard, bygelyks yn Ít sicht op Delft, mei myzykynstruminteferkeapers kream’ (1652). In soad skaaimerken fan Fabritius syn wurk wurde ek fûn by [[Johannes Vermeer]] en [[Pieter de Hoogh]], beide ek fan Delft. It liket derop dat Fabritius harren sterk beynfloede hat.