Kleaster-Lidlum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: fr:Klooster-Lidlum
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 11:
Fanwege oerstreamingsgefaar waard it kleaster yn [[1232]] mear it lân yn setten, en yn 1254 ûnder Sibo Deimta, de fiifde abt fan it kleaster, nochris. Yn de [[13e ieu]] waard it kleaster nau belutsen by it ûnderhâlden fan de seediken fan de [[Middelsee]], en kaam hast hiel [[Boksum]] oan it kleaster. Yn it omwâle kleaster wennen doe sawat 600 minsken. Fan it kleaster út waarden de [[parochy|parochys]] fan [[Lytsewierrum]], [[Eastersee]], [[Berltsum]], [[Seisbierrum]], [[Spannum]], [[Winsum]], [[Tsjummearum]], [[Menaam]], [[Boazum]], [[Wjelsryp]], [[Hjerbeam]], [[Húns]], [[Baard]], [[Easterlittens]], [[Britswert]] en [[Hoarn (Skylge)|Hoarn]] op [[Skylge]] betsjinne. As Norbertiner kleaster keas it de kant fan de [[Fetkeapers]] en stried it ûnder oare tsjin de Roarda's fan Tsjummearum, mei de Sjaardema's fan Frjentsjer en sels mei de skiere muontsen fan it [[kleaster Blomkamp]].
 
Djiptepunt yn de skiednis fan it kleaster wie de moard op abt [[Eelko fan LiauckemaLiaukama]] op de úthôf yn Boksum op 22 maart [[1332]]. Eelko protestearre tsjin it sûpen en fleis iten yn de hillige fêsteltiid troch de bruorren. De manlju koenen dizze 'bekrompen' krityk net ferneare en sloegen harren geastlike heit mei in kneppel dea. Gjin bargehaskes mar wite roazen kamen út de mouwen fan syn pij foar ‘t ljocht. Eelko waard yn it lekengedielte fan de tsjerke begroeven en as martelder fereare. As sillige [[Eelko fan Liauckema]] komt hy noch altyd foar yn de hilligenkalender fan de Oarder fan Prémontré.
 
Yn [[1572]] waard it kleaster plondere en ferwoaste. [[Caspar de Robles]] werstelde de oarder foar koarte tiid, mar om 'e nocht. It besit fan it kleaster gie yn [[1580]] oer nei de [[Steaten fan Fryslân]].
 
Lykas bygelyks [[Kleaster Eanjum]] hie it kleaster ek stimrjocht en in eigen [[himrik]] neist de oare doarpen fan [[Barradeel]]. It hie de njoggende stim fan de gritenij mei in oantal fan 9 stimmen.
 
==Befolking:==
*[[1954]] - 95