Jonkerslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: fr:Jonkersland
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 11:
}}
[[Ofbyld:Jonkersland.jpg|thumb|300px|]]
'''Jonkerslân''' is in [[doarp]] yn de gemeente [[Opsterlân]], súd fan [[Gordyk]]. It hat 296 ynwenners (1 jannewaris [[2005]]) en is dêrmei it op ien nei lytste plak fan Opsterlân. De Feanboarch is de nijbou fan it doarp.
 
== Buorskip ==
Rigel 19:
 
It doarp hat noch in skoalle, De Lytse Jonker. Der wurdt ek war dien om toeristen oan te lûken. Jonkerslân is bekend om de moaie beamwâlen.
 
== Mienskip ==
Yn it doarp stiet "Us Doarpshûs" dêr't de feriening foar Pleatslik Belang gearkomsten hâldt. Der is in spesjale Boarterstúnferiening, inFeestkommisje en in Aktiviteitenkommisje. Ein maaie, begjin juny is it jierlikse Doarpsfeest.
It Freonetal is de toanielploech fan it doarp.
"Jarrewetter" is it pleatslike slokje.
 
== Skiednis ==
Jonkerslân hat syn namme krigen troch [[Piter Dekema]]. Piter Dekema wie, neist dat er riedshear by it [[Hof fan Fryslân]] wie, ek ûndernimmer. Der kaam ferlet fan [[turf]] yn [[Hollân]]. Dekema wie ien fan de kompanjons fan de [[Skoatterlânske Kompanije]]. Dochs hy hie foar himsels ek in eigen feanterij.
Der wurdt wol tocht dat Dekema feanterij yn Opsterlân, sa om [[1560]] hinne begûn is mei syn sweager [[Boudewijn van Loo]]. Foar it ferfieren fan de turf waard de [[Jonkersfeart]] groeven. Dizze feart sluet wer oan by de oare fearten dy't foar dit doel groeven binne. De Jonkersfeart is net mear befarber. Doch is de feart noch werom te finen yn it lânskip.
 
== Strjitten: ==
[[Bontebok]]sleane, De Nije Sleat, [[Feanboarch]], Fûgelsang, [[Jelle Beenen]]wei, Langewyk, [[Sing-Sang]], Twadde Kompanjonswei.
 
==Keppeling om utens==
* [http://www.jonkersland.nl/ Webstee Jonkerslân]
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.jonkersland.nl/ Webstee Jonkerslân]
 
[[Kategory:Opsterlân]]