Abraham Bloemaert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
No edit summary
Rigel 16:
Bloemaert moat in bejeftige learaar west hawwe, want syn fjouwer soannen (wêr't [[Adriaen Bloemaert]] ûnder wie) waarden skilder, en hy hat noch in grut tal oaren oplaat. Om't in protte fan syn pupillen ferneamd wurden binne, wurdt Bloemaert wol de heit fan de 17e-ieuske [[Utertske Skoalle (skilderkeunst)|Utertske skilderskoalle]] neamd. Bloemaert leit begroeven yn de [[Katarijnetsjerke (Utert)|Katarijnestjerke]] yn Utert.
[[Ofbyld:Abraham Bloemaert 003.jpg|right|thumb|250px|''Herderinne'', oaljeferve op doek, 104 × 84 cm, Staatliche Kunsthalle Karlsruhe]]
 
==Werk==
Fan Bloemaert binne sa'n 200 skilderijen bekend, mar ek ±1000 tekeningen en 600 gravures. Hy skilderde foaral [[lânskip]]pen, mytologyske en bibelske tafrelen, mar ek [[pastoraal|pastorale]] [[sjênrestik]]ken, yn heldre kleuren en syn figueren binne rojaal en sierlik.
 
Yn't earst oan skildere er foaral yn in maniëristyske styl, besibbe oan dy fan [[Cornelis van Haarlem]] en [[Joachim Wtewael]]. Syn lânskippen wiene lykwols altyd mear op de Flaamske tradysje inte. Fan [[1600]] ôf komt der in mild klassisisme yn it wurk, te fergelykjen mei dat fan [[Hendrick Goltzius]] yn Haarlim. Fia syn learlingen dy't yn Itaalje west wiene krige er kennis fan it [[clair-obscur]] fan [[Caravaggio (skilder)|Caravaggio]]. Nei in koarte caravaggistyske perioade yn de iere jierren [[1620]] waard syn styl glêder en lykmjittiger, sadat syn letter wurk rekkene wurdt ta it [[klassisisme]], al wist er syn swierich penseel nea hielendal del te binen.
 
Bloemaerts wurk rekke rûnom ferspraad, en syn tekeningen tsjinnen oant yn de 19e ieu as stúdzjemateriaal.
 
== Bekende learlingen ==