Ferskil tusken ferzjes fan "Jannum"

23 bytes lytser ,  10 jier lyn
red
(offisjeel Frysk)
(red)
postkoade = 9107 |
}}
'''Jannum''' (''offisjeel Frysk, Nederlânsk: Janum'') is in plak yn de gemeente [[Ferwerderadiel]]. It hat no (02-06-2008) 61 ynwenners. It hawwe der mear west, mar ek minder. Van der Aa neamt 100 ynwenners. In ieu earder, by de [[folkstelling]] fan 1744, wienen dat 44.
 
== Skiednis ==
 
=== Kleaster ===
Jannum wie sa in part fan Dantumadiel, mar waard oer lân hielendal troch Ferwerderadiel omsletten. De winkellju kamen út [[Reitsum]] en [[Ginnum]]. By de grinswiziging yn [[1984]] waard Jannum in part fan Ferwerderadiel. Om it doarp libben te hâlden waard dan ek oansluting fûn by de [[Flieterpen]]: [[Ginnum]], Jannum, [[Reitsum]] en [[Lichtaard]]. Jannum hat fanwege de bysûndere bebouwing dan ek de status fan [[Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân|beskerme doarpsgesicht]] krige.
 
== De tsjerke ==
[[Ofbyld:Kerk van Jannum.jpg|thumb|''De tsjerke fan Jannum'']]
De romaanskgoatyske tsjerke fan Jannum is om 1300 hinne boud, mar it âldste part, it koar, is fan likernôch 1200. De tsjerke bestie út twa parten. It iene part wie foar de likebruorren fan it kleaster en it oare part fan de geastliken. Yn de twadde helte fan de 16e ieu is it nedige feroare.
 
=== Restauraasje ===
De tsjerke rekke sûnt dy tiid hieltyd mear ferwaarloaze. Dêrom waard der tusken 1942 en 1944 in restauraasje útfierd ûnder lieding fan de arsjitekt [[J.J.M. Vegter]]. Dit wie ek om boufakkers út Dútslân te hâlden.
De wichtichste feroaring dy't Vegter oanbrocht hat, wie it oanbringen fan in hingjende klokkestoel oan de westkant. Hjir hinget no de klok út 1489. Fierders hat er besocht de tsjerke wer werom te bringen nei de Midsieuske foarm.
Letter hat it Fries Museum de úthoven ôfstjitten. Yn Ferwerderadiel waard doe de [[Stifting Monuminten Ferwerderadiel]] oprjochte. Dizze hat tsjerke en museum ûnder syn hoede nommen. De tsjerke dy't altyd noch eigendom wie fan Herfoarme Gemeente Burdaard/Jannum, is ek oan de stichting ferkocht. De Stichting is no dwaande mei de tarieding fan de needsaaklike restauraasje.
 
== Mienskip ==
De eardere grifformearde tsjerke yn Reitsum is Doarpshûs foar de fjouwer doarpen fan Flieterpen. It nijsblêd ferskynt 11 kear yn't jier.
 
== Befolking: ==
*[[1954]] - 74
*[[1959]] - 72
By tsjerke steane trije diakonijwenten út de [[17e ieu]]. Dizze binne no restaurearre en ynrjochte as fjouwer fakânsjewenten foar lju dy't de lanlike rêst sykje.
 
== Strjitten: ==
Iedyk, Iewal, Jannumerwei, Tsjerkestrjitte.
 
== Ferskaat ==
Jannum leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht, de riders komme twa kear by it doarp tusken Dokkum en Bartlehiem del.
 
== Sjoch ek ==
* [[Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân]]
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.deflieterpen.nl/ Webstee de Flieterpen]
{{koördinaten|53_18_44_N_5_54_19_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 19' NB, 5° 54' EL}}
56.977

bewurkings