Idaerd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
offisjeel Frysk
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kaartsje der by
Rigel 1:
[[Ofbyld:LocatieIdaerd.png|thumb|right|300px|''lizzing fan Idaerd'']]
[[Ofbyld:Map NL Boarnsterhim Idaerd.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Idaerd]]
'''Idaerd''' ( ''offisjeel Frysk, Nederlânsk: Idaard'') is in doarp yn de gemeente [[Boarnsterhim]], benoarden [[Grou]] oan it [[spoar fan Swol nei Ljouwert]]. It doarp hat likernôch 97 ynwenners (1 juny 2004).
 
Yn de [[Midsieuwen]] wie Idaard it haadplak fan de [[gritenij]] [[Edawerderadiel]]. ''Eda'' of '''lede'' betsjut safolle as terp of wier. Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]] wie Idaerd ûnderdiel fan de eardere gemeente [[Idaarderadiel]], mei [[Grou]] as haadplak. Sûnt 1989 is de offisjele namme ''Idaerd''.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Idaard_Hervormde_Kerk.jpg|thumb|''Herfoarme Tsjerke'']]
De sealdektoer is út de [[15e ieu]], de tsjerke mei brânskildere ramen is fan [[1774]]. Op it tsjerkhof lizze noch sarken fan de eardere bewenners fan Friesmastate: Van Scheltinga en Bergsma.
By it doarp stie earder de stins Friesma State dat yn [[1652]] boud is as residinsje foar de [[grytman]]. It is ôfbrutsen yn [[1882]], oerbliuwsels fan it ynterieur binne te besjen yn it Frysk Museum en yn paleis Het Loo.<br>
By it doarp stie earder in gersdroegerij.
 
== Mienskip ==
Pleatslik Belang komt op foar de belangen fande doarpen Idaerd, [[Eagum]] en [[It Hoflân]] en hat gearkomsten yn doarpshûs It Lokaal. Der is in doarpsfizy makke oant [[2015]]. Bern geane mei in buske nei de basisskoalle De Trije Doarpen yn [[Reduzum]]. By Simmer 2000 is anonym in leagenbolle oan it doarp skonken. Winterdeis sit yn it doarpshûs ek de Kaartclub Soos Idaerd. Toanielferiening De Vriendenkring bestiet al sûnt [[1866]].
 
== Fytsrûtes ==
*5 km: Idaerd leit oan de noardlike lus fan [[De 8 van Grou]]: in fytstocht yn de foarm fan it sifer 8. Fytsers moatte hjirby acht kear mei in pontsje oer it wetter.<br>
*32 km: [[Rondje Pontje]], de súdlike lus mei 3 pontsjes. By de VVV Mid-Fryslân is mear ynformaasje te krijen oer de rûtes.
 
== Toerisme ==
Fanút de [[Wergeaster Feart]] tusken [[Warten]] en [[Grou]] is der in opfeart nei Idaerd, de [[Kromme Sleat (Idaard)|Kromme Sleat]]. De feasrt rint oan it doarp ta, yn de buorren is in oanlisplak foar kanofarders. Noard fan it doarp leit camping Lyts Tsjaerd mei maneezje en in teeskinkerij en besuden it doarp leit camping Yn'e Lijte.
 
== Befolking: ==
*[[1954]] - 124
*[[1959]] - 132
Line 24 ⟶ 29:
*[[2004]] - 97
 
== Keppeling om utens ==
*[http://members.chello.nl/~h.van.oers/frhist.htm Oer it doarp]
== Strjitten: ==
Buorren, Friesmawei, Hoflânswei, [[Tsjaard]]erdyk.