Ferskil tusken ferzjes fan "Hegebeintum"

46 bytes grutter ,  11 jier lyn
plaatsje der by
(offisjeel Frysk)
(plaatsje der by)
[[Ofbyld:Map NL Ferwerderadiel HegebeintumLocatieHegebeintum.png|thumb|right|300px|right|de [[himrik]]''lizzing fan Hegebeintum'']]
[[Ofbyld:Map NL Ferwerderadiel Hegebeintum.png|thumb|280px|right|''de [[himrik]] fan Hegebeintum'']]
'''Hegebeintum''' (''offisjeel Frysk, Nederlânsk: Hogebeintum'') is in terpdoarp yn de gemeente [[Ferwerderadiel]]. Mei likernôch 103 (02-06-2008) ynwenners is it in lyts doarp. Hegebeintum leit op de heechste [[terp]] fan [[Nederlân]]: 8,80 meter boppe [[Normaal Amsterdamsk Peil|NAP]].
 
De terp is al fan 600 foar Kristus ôf bewenne. It typysk Fryske tsjerkje stiet iepen foar besichtiging. Opfallend oan de tsjerke binne de roubuorden. Underoan de terp is in besikerssintrum. Krekt bûten Hegebeintum stiet de [[Harsta State]] mei in stinzefloara.
 
== It besjen wurdich ==
It typysk Fryske tsjerkje mei stikken dowestien út de [[13e ieu]]) dat boppe-op de terp fan Hegebeintum stiet kin besichtige wurde; ûnderoan de terp is in besikerssintrum. Yn dit Argeologysk Stipepunt fan it Frysk Museum wurdt in byld jûn fan alles wat mei de skiednis fan terpen te krijen hat. Hjir bewarret men in grutte kolleksje rouboerden[[rouboerd]]en mei kleurige wapens faan foarname famyljes Van Coehoorn, Van Nijsten en de Schepper fan Harsta-state dy't hjir nei tsjerke giene. By it ynformaasjesintrum sit ek de VVV fan Ferwerderadiel.
 
Wat bûten it doarp leit de [[Harsta State]], in [[stins]] mei in mânske [[esk]] yn de tún. Dit is teffens in Bêd-en-Brochje lokaasje en hat in teetún.
 
== Burmaniapaad ==
Fan it eardere kleaster [[Foswert]], tusken [[Ferwert]] en [[Wânswert]], oer It Kleaster en troch de lannen, lâns de wetters [[De Traan]] en de [[Ferwerter Feart]] nei Hegebeintum. Oer de terp fan Hegebeintum en de [[Vogelzangsterwei]] nei [[De Ryp]]. Ut De Ryp wei oer de Kahoorsterleane nei de seedyk. It paad is 8,4 km lang.
== Mienskip ==
Hegebeintum hat mei Ferwert in buertferiening.
 
=== Befolking ===
*[[1954]] - 232
*[[1959]] - 202
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.hegebeintum.eu/ Oer Hegebeintum, mei filmke oer it Burmaniapaad]
* [http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/14/ Hegebeintum yn de kanon fan de Fryske skiednis]
 
[[Kategory:Ferwerderadiel]]
56.981

bewurkings