Harich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: fr:Harich
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 13:
'''Harich''' is in doarp yn de gemeente [[Gaasterlân-Sleat]], noardwest fan [[Balk]]. It doarp hat likernôch 210 ynwenners (2004).
Harich wie eartiids it bestjoerlik sintrum fan Gaasterlân. De mitsele toer yn de buorren is út de [[12e ieu]]. De tsjerke is fan [[1663]]. Boppe de doar fan it tsjerke sit in stien dy't ferwiist nei it ynstoarten fan'e tsjerke troch in stoarm yn [[1662]]. Oan beide kanten fan de stien stiet in earn mei in iketûke yn'e snaffel en it wapen fan Harichster Dr. [[Johannes Scheltinga]]. De Wyldemerk besuden it doarp wie eartiids in bekend merkeplak. Yn de fytiger en sechtiger jierren wie by it doarp in ambonezekamp.
Harich is fan âlds in boeredoarp dat ûntsie oan de âlde trochgeande wei fan Koudum nei [[Wâldsein]]. De wei rint op de râne fan it Gaasterlânske sân wêrtroch der hichteferskil is tusken de noard- enúdkanten súdkant. Harich bestie earst út fjouwer dielen: de Westerein, de Frisbuorren, de Tsjerkebuorren en de Lorbuorren
 
== Befolking: ==
*[[1954]] - 567
*[[1959]] - 610
Rigel 22:
*[[1974]] - 422
*[[2004]] - 210
 
== Ferskaat ==
* De Dobber - muzyk- en sjonggroep
* It doarp hie earder in eigen [[gersdroegerij]]
* Der is ek in kuorbalferiening yn it doarp
* Doarpshûs Ons Gebouw sit yn de âlde skoalle oan de Stinsenwei
 
== Strjitten ==
Bokkeleane, Frisbuorren, Harichsterdyk, Hillemastate, Houtdyk, It Heech, Keamerlânswei, Lorbuorren, Lykwei, Minnemastate, Stinsenwei, Trophernsterwei, Tsjerkepaad, Van der Feltzstrjitte, Warrensterwei, Welgelegen, Westerein, [[Wyldemerk]]wei.