Sloveensk: ferskil tusken ferzjes

taal
Content deleted Content added
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 11 okt 2009 om 01.25

It Slowaaksk is in taal yn it skift fan de Slavyske taalgroep. Der binne sa likernôch 2,2 miljoen minsken dy't de taal prate. 2 miljoen wenje yn Sloveenje, Eastenryk, Itaalje en Hongarije. Sa'n 200.000 libje yn Argentynje, Kanada, Austraalje en West-Europa.

Status

It Sloveensk is de offisjele lânstaal fan Sloveenje. Sûnt Sloveenje lid is fan de Europeeske Uny is it Sloveensk ien fan de offisjele wurktalen fan de EU. Yn Eastenryk en Itaalje wenje frij grutte Sloveenske mienskippen, dy't noch Sloveensk prate. Yn Karyntje (Eastenryk), Provinsje Gorizia (Itaalje) en de Provinsje Triest (Itaalje) hat it Sloveensk in offisjele status.

Fonology en grammatika

It Sloveensk hat 21 konsonanten en 8 fokalen.

Der binne seis namfallen

  1. Nominatyf (Imenovalnik)
  2. Genityf (Rodilnik)
  3. Datyf (Dajalnik)
  4. Akkusatyf (Tožilnik)
  5. Lokalatyf (Mestnik)
  6. Ynstrumintalis (Orodnik)

Keppeling om utens

Wikiwurdboek-side - Sloveensk