Joshua Reynolds: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: cy:Joshua Reynolds; tekstwiziging
Rigel 8:
 
== Wurk ==
Mei [[Thomas Gainsborough]] wie er de dominante portretskilder út de twadde helte fan de 18de ieu. Reynolds skildere yn in mear ydealisearre styl dan syn rivaal. Neist syn portretten, der wurdt in totaal rûsd fan 2000, hat er ek allegoryske portreten makke sa as ''Mrs Siddons as de tragyske muze'' ([[1784]]), in genre dat er allinne tapaste by syn froulike modellen. Ien fan mar in pear histoarjestikken, dy't er neffens syn ''Grand Manner'' makke wie ''It bern Herkules'' ([[1787]]). Wat mear opsmiet wie it saneamde ''[[Fancy Picture]]'' dy't somtiden in eroatysk karakter hiene sa as ''Cupido as in keppelder'' ([[1774]]). Yn 1784 wurdt Reynolds hierd as hofskilder fan kening George III.
 
Yn 1789 waard Reynolds blyn oan syn loftereach en op 23 febrewaris 1792 stoar er yn syn hûs yn Leicester Fields te Londen. Hy waard begroeven yn St. Pauls katedraal.
 
== Status en reputaasje ==
 
Reynolds' karriêre hat nea grutte hichtepunten kind. Hy wie ien fan de earste leden fan de ''Royal Society of Arts'', hat meidien oan de stifting fan de ''Society of Artists'', en fêstige mei Gainsborough de ''Royal Academy of Arts'' as in soarte ôflate organisaasje dêrfan. yn [[1768]] waard er de earste foarsitter fan de RA's en dat is er bleaun oant syn dea. As learaar wurdt er betocht fanwege de ''Discourses'' on Art (tusken 1769 en 1790) dy't opfoelen troch gefoelichheid en sekuere wiernimming. Yn ien fan dy redes wie er fan betinken dat ''"invention, strictly speaking, is little more than a new combination of those images which have been previously gathered and deposited in the memory."''
 
Reynolds en de Royal Academy waard ferskillend oer tocht. Ta syn kritisy hearden in protte fan de [[Pre-Rafaëliten]] en [[William Blake]]. De lêste publisearre syn by tiden fitrioele ''Annotations to Sir Joshua Reynolds' Discourses'' yn [[1808]]. Lykwols wiene mannen as [[William Turner|J. M. W. Turner]] en [[James Northcote]] leafhawwers fan syn wurk: Turner fersocht om letter neist Reynold yn it grêf lizze te meien, en Northcote (fjouwer jier Reynolds' learling west) skreau oan syn famylje: ''"I know him thoroughly, and all his faults, I am sure, and yet almost worship him."'' (Earst stie der ''adore'' yn stee fan ''worship''.)
 
== Galery ==
Rigel 33:
[[Kategory:Britsk keunstskilder|Reynolds]]
 
[[cy:Joshua Reynolds]]
[[cs:Joshua Reynolds]]
[[da:Joshua Reynolds]]