Jistrum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
 
==Tsjerke==
De Nederlânsk herfoarme tsjerke datearret fan de [[12e13e ieu]]. Wy witte dit omdat al yn ± 1230 melding makke wurdt fan de tsjerke as eigener fan greide yn de mieden. It is in gebou yn Romaanske styl mei goatyske finsters. Opfallend binne de lytse rútsjes yn it skip fan de tsjerke dy't ek wol leproazerútsjes neamd waarden. Boppe-op de toer stiet in wynwizer yn'e foarm fan in hynder.
 
Jistrum leit oan it [[Sânwâldenpaad]].
 
==Mienskip==
Pleatslik belang set him yn foar de belangen fan Jistrum/Skûlenboarch. Sûnt 2005 hat Jistrum wer in muzykkoepel. Oant de jierren fjirtich stie yn it doarp ek in koepel, mar dy is doe fuorthelle omdat er bot fertuteaze rekke wie. De Finne is de basisskoalle fan it doarp.