Ferskil tusken ferzjes fan "Wylde ein"

28 bytes grutter ,  10 jier lyn
L
Bot - derby: nah:Zōlcanauhtli; tekstwiziging
L (Bot - derby: kl:Qeerlutooq)
L (Bot - derby: nah:Zōlcanauhtli; tekstwiziging)
De '''Wylde Ein''' (''Anas platyrhynchos'') is in [[fûgel]] út it [[skaai]] fan de [[Einen]] en de [[famylje]] fan de [[einfûgels]] dy't yn Fryslân in protte foarkomt. De jerke is goed wer te kennen oan syn glânzjende griene kop, syn wite halsbân en syn kastanjebrune boarst. It brune wyfke is minder opfallend. Beide einen hawwe in blau plak op de [[wjukken]], mei wite streken der bylâns. De wylde ein is sa'n 58 sm grut en tusken de 700-1500 gram swier.
 
== Fersprieding ==
De Wylde Ein komt foar yn hiel [[Euraazje]], op [[Yslân]], [[Grienlân]] en hiel [[Noard-Amearika]]. Yn it noardlike part fan syn briedgebiet is it in echte [[trekfûgel]]. Bûten de briedtiid meie de wylde einen graach yn groepen byinoar libje. De wylde ein is in echte wetterfûgel en is te finen op marren en rivieren mar ek by sleatten en bygelyks fivers midden yn de stêd.
 
== Fuortplanting ==
De wylde einen begjinne yn april of maaie te brieden. It nêst is meastal goed ferburgen yn it hege gers fan in berm of yn in holle stobbe fan in beam. It wyfke leit eltse dei in aai en begjint te brieden neidat se it leste aai lein hat. De 7-16 [[aaien]] wurde troch it wyfke yn sa'n 4 wike utbret. Wylde einen binne nêstflechters, neidat de jonge pykjes út it aai kaam binne geane se fuort mei harren mem mei nei it wetter. At de jongen 8 wike âld binne kinne se fleane.
 
== Sjoch ek ==
* [[List fan fûgels]]
[[Kategory:Fûgelsoarten]]
[[mr:मलार्ड बदक]]
[[ms:Itik Melewar]]
[[nah:Zōlcanauhtli]]
[[nl:Wilde eend]]
[[nn:Stokkand]]
45.640

bewurkings