Sanatoarium: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw.
No edit summary
Rigel 3:
In '''sanatorium''' is in ynstelling foar gronysk sike minsken om better te wurden. Se waarden yn de earste helte fan de 20e ieu ynrjochte om fral [[tuberkuloaze]][[pasjint]]en kuere te litten. Bêdrêst, skjinne lucht en sûne fieding wiene doe noch de wichtichste genêsmiddels tsjin dizze besmetlike sykte. [[Antybiotikum|Antybiotika]] wiene der noch net, mar men operearre wol oan de sike longen.
 
It earste sanatoarium foar TBC-pasjinten waard yn [[1854]] iepene yn Görbersdorf yn [[Dútslân]] (''Brehmerschen Heilanstalt für Lungenkranke'') troch [[Hermann Brehmer]] (1826-1889); tsjintwurdich hjit dit plak Sokołowsko en leit it yn [[Poalen]].
 
[[Switserlân]] hie in protte sanatoariums omdat men miende dat de súvere berchlucht it bêste medisyn foar longsyktes yn't generaal wie. It wrâldferneamde sanatoarium fan [[Davos]] wurdt noch hieltyd brûkt foar behanneling fan longpasjinten, dy't fan hein en fier komme.
 
Yn 1943 ûntduts [[Albert Schatz]] fan de [[Rutgers Universiteit]] ([[New Jersey]]), it antybiotikum [[Streptomycine]], it earste wier doelmjittige medisyn tsjin TBC. Mids 1950er jierren wie TBC net sa'n grut gefaar mear foar de [[folkssûnens]] en waarden de measte sanatoaria stadichoan sletten of omfoarme ta algemiene sikehûzen.