Stifting It Fryske Boek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
De [[Stichting It Fryske Boek]] is in stichting dy 't de befoardering fan [[Fryske literatuer]] en lektuer as doel hat. De organisaasje waard yn [[1934]] troch in oantal Fryske ferieningen en útjouwers oprjochte. Se is fêstige yn [[Ljouwert]]. De stichting wurd ûnder oare subsidiearre troch de provinsje [[Fryslân]]. Ek hellet It Fryske Boek jild binnen troch stipers.
 
It Fryske Boek stimulearret de produksje en de fersprieding fan Fryske boeken en besiket [[Friezen]] yn harren memmetaal oan it lêzen te krijen. Se docht dit troch it skeppen fan en partisipearjen yn oerlisstruktueren tusken útjouwers, skriuwers, boekferkeapers en bibleteken. It Fryske Boek hat in tal meiwurkers yn tsjinst, dy't har dwaande hâlde mei allerhanne besteande en nije projekten. De organisaasje jout dêrnjonken ek in grut ferskaat oan promoasjemateriaal út.
 
==Projekten==