Boekweet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanset, letter mear
 
fan nl: dien
Rigel 1:
[[Ofbyld:메밀.JPG|thumb|right|200px|''Boekweet'']]
'''Bokweet''' is in nôtsoarte dat sûnt de [[15e ieu]] ferboud wurdt yn de Fryske sânstreken en soks boude sûnder dongjen. It lân rekke net útrûpele. Bokweetbou ferge in soad skoffeljen en wjudzjen. Bokweet wie tear en de rispinge mislearre geregeld troch kerbûstich waar of nachtfroast. Letter fergoeden de hege strieprizen it risiko wat. Nei 1700 wie de bokweet foar de [[Drachten|Drachtster]] en [[De Gordyk|de Gordykster]] nôtkeaplju it belangrykste produkt. Op de net-ôfgroeven heechfeangebieten waard ek bokweet ferboud (fean-bokweet) neidat de heide der ôfbaarnd wie.
[[Ofbyld:Fagopyrum esculentum flowers, Boekweit bloemen.jpg|thumb|right|200px|''blom'']]
[[Ofbyld:Fagopyrum esculentum seed 001.jpg|thumb|right|200px|''siedfoarming'']]
[[Ofbyld:Fagopyrum гречка.jpg|thumb|right|200px|''boekweetsied'']]
'''Boekweit''' (''Fagopyrum esculentum'') is in plant út de [[readskonkfamylje]] (''Polygonaceae'').
 
It is in [[ienjierrige plant]] mei in holle rjochtopgeande, him faker fertakjende, reade stâle. De blêden binne trijehoekich oant hertfoarmich. It woartelstelsel bestiet út in sterk spranteljende [[pinwoartel]]. De botanyske namme Fagopyrum betsjut 'boekweet' (fagus = boek (de beam) en puros = weet, it Nederlânske 'tarwe'). Yn oare talen hat it lyksoartige nammen: 'bokwiet' (Afrikaansk), 'buckwheat' (Ingelsk), 'Buchweizen' (Dútsk) en 'boghvede' (Deensk).
Der waard terske mei krûme terskkneppels op in fan ôfplagge stik grûn bûtendoar. Oan de ein waard 'de marse' slein wêrby't de fleiels tagelyk delkamen. Der leinen planken ûnder de skeaven. By dit terskjen waard stevich dronken en ta eintsjebeslút ek iten. De bokweetbou is nei [[1850]] hurd minder wurden.
 
De bloei begjint al yn in jong stadium, soms al nei seis wiken, en giet dan 25-30 dagen troch. De blommen steane in langstâlige plommen by elkoar, wyt en rôze fan kleur, en befetsje in soad [[nektar]]. Op earme grûnen kin boekweet 50 sm heech wurde. Foardat de bloei dien is binne der al ripe fruchten.
 
It ytbere sied sit oan tinne stâltsjes dy't yn ripe tastân maklik loslit. It hat in moal- en aaiwytrike ynhâld, oerienkommend mei dy fan [[Klaver (plant)|klaver]]. Der wienen earder twa rassen bekend: op de feangrûnen de Staphorster brúnswarte en op de sângrûnen de Brabânske grize boekweet. De hjoeddeiske rassen produsearje minder nektar as de âlde rassen. By it bewarjen moat it sied droech wêze want it skimmelt gau. Ien kilo sied befet ± 45.000 siedden.
 
De foarm fan it boekweetsied komt sterk oerien mei dy fan [[boek (beam)|boekels]], al binne se folle lytser, ûngefear 6 mm lang. It sied waard ta moal meald, hoewol't boekweit beslist gjin nôt is. Boekweet is in 'pseudonôt': de siedden, it moal en alle oare ôflate produkten fan boekweet befetsje gjin [[gluten]] en binne sa faak in útkomst foar minsken mei allergyen. It moal kin goed mongen wurde mei dat fan nôt om sa stro te meitsjen. Rustere boekweetkerrels hjitte ek wol 'kasha' en binne bekend út de East-Europeeske keukens. Yn boekweetmoal sit in soad [[magnesium]], [[kalium]] en [[fosfor]]. It is streksum en licht fertarber. It wurdt tsjintwurdich ek ferboud foar de genêskunde.
 
== Ferbou ==
Boekweet is in plantesoarte dat sûnt de [[15e ieu]] ferboud wurdt op de Fryske sângrûnen en soks barde sûnder dongjen. Sadwaande wie it in útkomst foar earme boeren, der wie ommers gjin fee of kaptaal nedich. It lân rekke ek net útrûpele. Boekweet freget in djip losmakke boufuorge, de pinwoartel krijt sa makliker de kâns om te groeien. Djip ploegjen freget in sôad lûkkrêft. De spreuk "boekweet wurdt ferboud op hynsteswit" hat hjiryn har oarsprong. Boekweetlân op sângrûn waard faak twa kear ploege. Ein febrewaris of bejin maart waard djip ploege, en by of foar it siedzjen (nei iishilligen) barde dit nochris, mar dan tige ûndjip. Boekweetbou ferge in soad skoffeljen en wjudzjen. It waard breedwerpich of yn rigen op in ôfstân fan 30 sm siedde en 3 sm djip. Troch de flugge groei is it in goede boaiembedekker, mar men hie wol in soad lêst fan it ûntúch hoannepoat. It nôt wie tear en de rispinge mislearre geregeld troch kerbûstich waar of nachtfroast. Letter fergoeden de hege strieprizen it risiko wat. Nei 1700 wie de boekweet foar de [[Drachten|Drachtster]] en [[De Gordyk|de Gordykster]] nôtkeaplju it belangrykste produkt. Op de net-ôfgroeven heechfeangebieten waard ek boekweet ferboud (fean-boekweet) neidat de heide der ôfbaarnd wie. Dit feanbaarnen joech in soad reekûntwikkeling, wêroer de klachten sels út Hollân wei kamen. (oer it brânen yn it Drintske fean).
 
== Sân en feangebieten ==
Der waard terske mei krûme terskkneppels op in fan ôfplagge stik grûn bûtendoar. Oan de ein waard 'de marse' slein wêrby't de fleiels tagelyk delkamen. Der leinen planken ûnder de skeaven. By dit terskjen waard stevich dronken en ta eintsjebeslút ek iten. De boekweetbou is nei [[1850]] hurd werom rûn. Yn 1876 waard noch 10% fan it boulân troch boekweet ynnomd, mar nei 1900 is de tylt yn Fryslân finaal ferdwûn. Hjouwer en jirpels kamen derfoar yn't plak. De Frânske boekweet wie in konkurrint. Der wie ek in groeiend ferlet fan feefoerbou. Eaststellingwerf hat it noch it langste folholden. Yn 1920 waarden noch 11 fan de 7600 ha. (Oeriselske en Gelderske sângrûn) yn Fryslân tyld. It sie waard earder oan oan pelmoolners ferkocht, dy't de boekweetgrôt fan makken, de grûnslach foar "boekweten Janke, sa stiif as in planke". In oar gerjocht wie boekwetenbrij. Boekweetdoppen waarden brûkt foar bêdekessens. Der waard lang ûnderskied makke tusken sânboekweet en feanboekweet.
 
== Komôf ==
Boekweet is in kultuergewaaks dat nei alle gedachten út in gebiet grinzjend oan [[Mantsjoerije]], [[Mongoalje]] of [[Tibet]] komt. Boekweet waard neffens guon gelearden fia de [[siderûte]] troch de [[Mongoalen]] oan de ein fan de Midsieuwen nei East-Europa brocht en letter fan dêrút nei Midden- en West-Europa. Ut stomoalûndersyk hat lykwols ek bliken dien dat boekweet al foar it begjin fan de jiertelling yn Nederlân foarkaam.
 
Argyfûndersyk leart dat al sûnt 1390 in snelle yntroduksje fan boekweit wie yn de Nederlannen. De sintra hjirfan binne de Kempen en de Iselfallei. Taalkundige gegevens dogge fermoeden dat de boekweet lâns trije siden West-Europa binnenkaam: in noardlike rûte, mooglik fia de [[Hânze]], mei as nammetype boekweet, in eastlike hannelswei mei nammetype 'Heidenkorn' of 'Pohanka', en in súdlike rûte mei as nammetype 'Saraseensk' of 'Moarsk nôt'.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{EvF|Boekweit}}
}}
 
{{wurk}}
[[Kategory:Nôt]]