Boekweet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oare nammen
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
staverinkje
Rigel 3:
[[Ofbyld:Fagopyrum esculentum seed 001.jpg|thumb|right|200px|''siedfoarming'']]
[[Ofbyld:Fagopyrum гречка.jpg|thumb|right|200px|''boekweetsied'']]
'''Boekweet''' (''Fagopyrum esculentum'') ek wol '''boekweit, boekwyt, bokweit, bokweet, bokwyt''' of '''prefytperfyt''', is in plant út de [[readskonkfamylje]] (''Polygonaceae''). De botanyske namme Fagopyrum betsjut 'boekweet' (fagus = boek (de beam) en puros = weet, it Nederlânske 'tarwe'). Yn oare talen hat it lyksoartige nammen: 'bokwiet' (Afrikaansk), 'buckwheat' (Ingelsk), 'Buchweizen' (Dútsk) en 'boghvede' (Deensk).
 
It is in [[ienjierrige plant]] mei in holle rjochtopgeande, him faker fertakjende, reade stâle. De blêden binne trijehoekich oant hertfoarmich. It woartelstelsel bestiet út in sterk spranteljende [[pinwoartel]]. De bloei begjint al yn in jong stadium, soms al nei seis wiken, en giet dan 25-30 dagen troch. De blommen steane in langstâlige plommen by elkoar, wyt en rôze fan kleur, en befetsje in soad [[nektar]]. Op earme grûnen kin boekweet 50 sm heech wurde. Foardat de bloei dien is binne der al ripe fruchten.