Julia Domna: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tikflaterkes + red
noch ris derby del west
Rigel 2:
'''Julia Domna''' ([[170]]-[[217]]) wie Keizerin fan it [[Romeinske Ryk]] fan [[193]] ôf oant har dea. Sy wie yn har tiid ien fan de machtichste en wichtichste persoanen yn Jeropa en de machtichste frou fan it Romeinske keizerryk. Troch har optrede is it te tankjen dat it Romeinske ryk al net oan it begjin fan it meiïnoar keizerskip fan har twa soannen [[Karakalla]] en [[Geta (keizer)|Geta]] opspliten waard yn in eastlike en westlik diel. Letter yn de fjirde ieu soe dat dochs noch barre.
 
Yn har libben die sy oan [[filosofy]] en tredde op as patroanes fan in tal filosofen. Sy wurdt sjoen as de frou dy't de filosofy werombrocht hat yn it Romeinske Ryk en it in foaroansteande posysje joech. Sy is ek ferneamd om har politike skerpens. <ref>[http://www.women-philosophers.com/Julia-Domna.html {{Aut|K. Lindemann}}, art. Julia Domna, Women-Philosophers.com (2008).]</ref> Om har hinne sammele sy in kloft filosofen en oare yntellektuelen, fan waans aktiviteiten wy op de hichte brocht binnenbinne troch de skriften fan de [[Sofistyk|sofist]] en redener [[Lusius Flavius Pilostratus]] (sa.170-sa.247).<ref>art. Julia Domna, yn ''Encyclopaedia Britannica'' 6 (1993), side <span class=plainlinks>[http://www.britannica.com/eb/article-9044113/Julia-Domna 645]. konform Pilostratus, ''Vita Apollonii'' I 1.3.</ref>
 
==Libben==
Rigel 9:
Doe't Septimius Severus yn [[193]] troch de [[senaat (Rome)|senaat]] ta keizer útroppen waard, krige sy de titel ''Augusta'' (keizerin). Omdat sy altyd mei har man meigong op fjildtochten krige sy yn [[195]] de titel ''Mater Castrorum'' (mem fan de forten of legerkampen).<ref>''[[Corpus Inscriptionum Latinarum|CIL]]'' <span class=plainlinks>[http://compute-in.ku-eichstaett.de:8888/pls/epigr/epieinzel_de?p_belegstelle=CIL+12%2C+04345&r_sortierung=Belegstelle XII 4345], [http://compute-in.ku-eichstaett.de:8888/pls/epigr/epieinzel_de?p_belegstelle=CIL+14%2C+00120&r_sortierung=Belegstelle XIV 120].</ref> Nei de dea fan Septimius Severus yn [[211]], soe sy troch de senaat noch mear titels takend wurde, te witten: ''Mater Senatus'' en ''Mater Patriae'' (Mem fan de Senaat en Mem des Heitelâns).
 
Doe't harren soannen keizer wurdenwurde wienen, woenen dizze net gearwurkje en beslute it ryk op te dielen yn in eastlik part, mei Geta as keizer, en westlik part, mei Karakalla as keizer. Julia Domna kaam lykslykwols tuskenbeide en ferhindere de opsplitsing (mei de wurden: "Jim kinne miskien it ryk wol tusken inoar ferdiele, mar net jim mem!)".<ref>[[Herodianus]], ''Ab excessu divi Marci'' IV 3.8.</ref>
 
Yn desimber [[211]] waard sy troch Karakalla ferrieden neidat sy op syn foarstel in moeting regele hie tusken harrenhar soannen mei as doel om de skelen byinoar te lizzen. Lykwols waard nei Geta's syn oankomst dizze foar har eagen, neimiskien allesels gedachten selswol yn har earmen troch soldaten fan Karakalla fermoarde.
 
Doe't úteinlik ek har âldste soan fermoarde waard (op dat stuit ferbliuw sy yn Syrje), wie sy wanhopich eb besocht even selsmoard te dwaan, mar seach dêr fan ôf doe't de nije keizer [[Makrinus]] har te kennen joech dat sy al har titels behâlde mocht. Stadich oan sette Julia Domna in kampanje útein tsjin Makrinus. Doe't dy fan har plannen op de hichte rekke, moast sy nei Rome komme dêr't sy har sels tekoart die troch yn hongerstaking te gean.