Eva Braun: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 1:
[[Ofbyld:Bundesarchiv B 145 Bild-F051673-0059, Adolf Hitler und Eva Braun auf dem Berghof.jpg|thumb|200px|Eva Braun mei Adolf Hitler]]
'''Eva Braun''' ([[München]], [[6 febrewaris]] [[1912]] – [[Berlyn]], [[30 april]] [[1945]]) wie de faam fan [[Adolf Hitler]]. Letter wie hja, foar ien dei, de frou fan Adolf Hitler. Braun moete Hitler yn München doe't se 17 jier wie as in assistint en model foar syn persoanlike fotograaf en twa jier letter begûnen se mekoar wat faker te sjen. Oan it begjin fan de relaasje hat hja twa kear besocht om harsels tekoart te dwaan. Yn [[1936]] hie se de húshâlding fan de Berghof by Berchtesgaden foar har rekken en libbe in lúks libben dêr't de materiële saken net oan ûntbrieken. Har politike bining mei Hitler is net bekend, mar de histoarisy tinke dat it mar in nearzich lyts bytsje wie. Braun hold har oan har âlde wizânsjes lykas smoke, make-up en neaken sinnebaaie, ek al wie Hitler it der net mei iens. Braun mocht graach fotografearje en in protte kleurefoto's fan Hitler dy't der no noch binne hat sy makke. Hja wie ek de kaaifiguer yn Hitler's persoanlike rûnten, mar bleau op de eftergrûn oant de simmer fan [[1944]], doe't har suster mei in offisier fan Hitler syn staf troude.
'''Eva Braun''' ([[München]], [[6 febrewaris]] [[1912]] – [[Berlyn]], [[30 april]] [[1945]]) '''JEG LIKER BÆÆÆÆÆSJ'''
 
Oan de ein fan de [[Twadde Wrâldkriich]] bleau hja loyaal oan Hitler en besleat mei him mei te gean nei de Führerbunker djip ûnder de Reich Kânselerij. Doe't [[Sowjetuny|Sowjet]]-soldaten yn de [[Slach om Berlyn]] op [[29 april]] [[1945]] tichtby de Führerbunker wienen, troude sy Hitler yn in koarte houlikseremoanje: hja wie 33 en hy wie 56. Minder as 40 oeren letter dienen se harsels tekoart yn in keamer fan de bunker, hja die dat mei in syanide kapsule. It Dútske folk wist foar de dea fan Braun net dat sy en Hitler wat meiïnoar hienen.