Patriotten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Patriotten''' wienen de gearwurkjende demokraten en anti-steedhâlderlike reginten yn 1785. De demokraten wienen de opfolgers fan fan de teloarstelde Doelisten (Sjoch [[Oli...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
opknipt
Rigel 1:
'''Patriotten''' wienen de gearwurkjende [[demokraten]] en anti-steedhâlderlike reginten yn [[1785]]. De demokraten wienen de opfolgers fan fan de teloarstelde [[Doelisten]] (Sjoch [[Oligargyske troebelen]]). Trochdat de prins him fan de herfoarmingen ôfkeard hie, stienen se no foar him oer, wêrtroch't hja de steun fan it legere folk misten; eigentlik wienen de boargerlike demokraten allinnich in roerige minderheid tusken de hearen, benammen de [[premiers]] en it "gemeen".
== Spanning ==
Teoretysk boarten se bytiden mei de gedachten as folksoevereiniteit, mar se easken allinnich it ôfskaffen fan misbrûken en ynfloed fan it folk, neat nijs dus. Harren aristokratyske bûnsgenoaten woenen de premiers fuorthawwe, mar allinnich om sels yn alle rêst te regearen. Yn de Amerikaanske Frijheidsoarloch rôp de ynskiklikens fan Willem V en de Fryske Steaten foar Ingelân oer de ûntefredenheid fan de hanneldriuwende reginten. Doe't de oarloch in ramp waard en ek keizer Joseph begûn te driigjen, rûn de spanning op. Sûnt [[1781]] koenen de Patriotten rekkenje op [[Eastergoa]] en [[Westergoa]]; se waarden lieden troch in geheim kommitee (ûnder oaren [[Coen Lambertus fan Beyma]] en [[Johannes Casparus Bergsma]]; sûnt [[1782]] gienen hja nei lanlike gearkomsten ta yn Amsterdam.
 
== Súksessen ==
Teoretysk boarten se bytiden mei de gedachten as folksoevereiniteit, mar se easken allinnich it ôfskaffen fan misbrûken en ynfloed fan it folk, neat nijs dus. Harren aristokratyske bûnsgenoaten woenen de premiers fuorthawwe, mar allinnich om sels yn alle rêst te regearen. Yn de Amerikaanske Frijheidsoarloch rôp de ynskiklikens fan Willem V en de Fryske Steaten foar Ingelân oer de ûntefredenheid fan de hanneldriuwende reginten. Doe't de oarloch in ramp waard en ek keizer Joseph begûn te driigjen, rûn de spanning op. Sûnt [[1781]] koenen de Patriotten rekkenje op [[Eastergoa]] en [[Westergoa]]; se waarden lieden troch in geheim kommitee (ûnder oaren [[Coen Lambertus fan Beyma]] en [[Johannes Casparus Bergsma]]; sûnt [[1782]] gienen hja nei lanlike gearkomsten ta yn Amsterdam.
Harren earste súkses wie de erkenning fan de ûnôfhinklikheid fan de [[Feriene Steaten] op [[26 febrewaris]] 1782; teffens pleite Fan Beyma ek, mar omdôch, foar boargerbewapening. De Steaten besochten al op syn foarstel de [[Kwoata]] te ferleegjen fan 11,66% nei 8,66% ([[12 maart]] [[1784]]). Dêrnei iepenen de patriotten de oanfal op de premiers, earst yn [[Dokkum]]. Fan Beyma brocht dêr in ferbûn fan seis stêden ta stân ([[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Snits (stêd)|Snits]], [[Sleat (stêd)|Sleat]], [[Drylts]] en [[Hylpen]] ([[27 juny]] [[1773]])). Ljouwert slute him ek al gau oan. Dizzen ûntlutsen har oan de prins, dat is te sizzen oan de premiers, it jaan fan op de stêden fallende [[ambulatware amten]]. It fersyk om legere kwoata hie by de generaliteit gjin súkses; de Steaten drigen op [[25 july]] [[1773]] sels om troepen te stjoeren.
 
== De Prins ==
No akseptearren de steaten boargerbewapening. Yn Ljouwert en Dokkum waarden fuortendaliks frijkorpsen foarme neist de âlde skutterijen. De ferstânhâlding ûnder de Fryske patriotten waard der net beter op. Nei de frede mei Ingelân, doe't de steaten in ûndersykskommisje nei de kwoata ynstelden ([[4 maaie]] [[1784]]) foel it geheim kommitee útien, al bleau de ynsidintele gearwurking. De demokraten treden no selsstannich op. [[3 desimber]] [[1784]] fregen Ljouwerter boargers frije magistraatkeuze. [[12 jannewaris]] [[1785]] fergaderen ôffurdigen fan de frijkorpsen yn it Swart Krús. Men trof elkoar yn [[boargersoasjeteit]]en. [[De Fryske Patriot]] begûn te ferskinen. Fan [[6 oktober]] - [[5 novimber]] [[1785]] wie de prins yn Fryslân. Hy wenne trou de gearkomsten fan de deputearren by en ta syn gelok stienen de koppen fan de patriotten foar elkoar oer yn de striid om it grytmansamt fan Frjentsjeradiel, dy't J.C. Bergsma wûn. Tenei late hy de prinsgesinden. Oan de boargers fan Ljouwert beloofde hy in nij reglemint op it stedsbestjoer, wêrby't de prins de ferkiezing fan de magistraat hâlde soe ([[20 oktober]] [[1785]]). Hjirtsjin protestearre [[Hermannus Borgrink]], by de eedôflizzing wegeren ferskillenden ([[24 maart]] [[1776]]).
 
== Frjentsjer ==
De striid waard no fûlder. Fan Beyma stelde om'e nocht foar de neileving fan it reglemint reformatwaar fan [[1748]] te ûndersykjen. De Steaten ferbeanen alle rekwesten, frijkorpsen mochten gjin lotterij hâlde om oan jild te kommen, har net ûnderling ferbine en gjin politike partij steune. Oer dit [[Bloedplakkaat]] kaam de útbarsting pas letter yn Frjentsjer. In soad professors en studinten wienen dêr lid fan it frijkorps of boargersoasjeteit. Fan de lêste wie rektor magnifikus, [[Johan Valckenaer]] presidint. Doe't de Steaten oan professors en studinten ferbeanen hjiroan mei te dwaan ([[12 maaie]] [[1787]]) drige de hegeskoalle leechrinne te sillen. De Steaten ferbeanen ynfier fan wapens, benammen om it Frjentsjerter 'definsjewezen' - yn konflikt mei Harns - dwers te sitten ([[25 maaie]] [[1787]]). Ek oer oare foarfallen yn oare gewesten stienen de partijen faak skerp tsjinoer elkoar.
 
== Steatsgreep ==
Doe't de Steaten mienden dat Hollân de gefolgen fan Goejanverwellesluis allinnich drage moast, wiisde de minderheid op de [[Uny fan Utert]] ([[26 july]] 1787) en gie yn Amsterdam yn berie. De Steaten hjitten gerjochtlik ûndersyk fan dizze hâlding ([[11 augustus]] 1787). Hjirnei fêstigen Fan Beyma en syn folgelingen har yn Frjentsjer en rieden mei manskippen en wapens in steatsgreep ta. Dêrtsjin stelde de Steaten in Kommisje fan definsje yn op [[30 augustus]] 1787 dy't de frijkorpsen ophefte ([[4 septimber]] 1787). De 12 folmachten yn Frjentsjer ferklearren har ta de ienige wiere en beskôgen dy yn Ljouwert as fan harren amt ferfallen. De tsjinregearing koe ûnder oare steune op de frijkorpsen fan Frjentsjerteradiel, [[Barradiel]] en [[It Bilt]], [[Ferwert]], [[Stiens]], Grou, It Hearrenfean, Arum en de besettingen fan Boalsert en Makkum. De Patriotten besetten fierder Warkum, Starum, Snits en [[De Lemmer]] ([[11 septimber]] 1787) en hellen safolle mooglik belestingjild op. Se krigen help út Hollân; De Steaten krigen troepen fan de prins. De batterij fan de Patriotten yn Stiens waard troch Steatetroepen oermastere op [[20 septimber]] 1787.
== Untknoping ==
 
De ûntknoping kaam troch de ynfal fan de Prusen op [[20 septimber]] 1787. De Patriotten flechten út Frjentsjer (23 septimber) troch de [[Súdwesthoek]] nei Amsterdam. It kaam hjir en dêr ta plondering en fernieling.Om de twist by te lizzen h6alde men yn [[Balk]] in "fredesdrinkgelach" dêr't de pastoar en de learaar it wurd fierden. Nei werstel fan de oarder kundigen de Steaten in amnesty ôf, mar wol mei in soad útsûnderingen. Der folgen banfûnnissen en boetes, en Frjentsjer moast syn poartedoarren misse. De kopstikken fan de Patriotten wykten út nei Frankryk, dêr't se al gau ûnderrjochte waarden yn revolúsje meitsjen.
 
Line 20 ⟶ 26:
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[Kategory:Liberalisme]]
[[el:Πατριώτες (Ολλανδία)]]
[[en:Patriots (faction)]]
[[it:Patrioti (fazione)]]
[[nl:Patriotten]]
[[pl:Patrioci (Republika Zjednoczonych Prowincji)]]
[[pt:Patriotas neerlandeses]]