Patriotten: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
opknipt |
→Untknoping: st |
||
Rigel 16:
Doe't de Steaten mienden dat Hollân de gefolgen fan Goejanverwellesluis allinnich drage moast, wiisde de minderheid op de [[Uny fan Utert]] ([[26 july]] 1787) en gie yn Amsterdam yn berie. De Steaten hjitten gerjochtlik ûndersyk fan dizze hâlding ([[11 augustus]] 1787). Hjirnei fêstigen Fan Beyma en syn folgelingen har yn Frjentsjer en rieden mei manskippen en wapens in steatsgreep ta. Dêrtsjin stelde de Steaten in Kommisje fan definsje yn op [[30 augustus]] 1787 dy't de frijkorpsen ophefte ([[4 septimber]] 1787). De 12 folmachten yn Frjentsjer ferklearren har ta de ienige wiere en beskôgen dy yn Ljouwert as fan harren amt ferfallen. De tsjinregearing koe ûnder oare steune op de frijkorpsen fan Frjentsjerteradiel, [[Barradiel]] en [[It Bilt]], [[Ferwert]], [[Stiens]], Grou, It Hearrenfean, Arum en de besettingen fan Boalsert en Makkum. De Patriotten besetten fierder Warkum, Starum, Snits en [[De Lemmer]] ([[11 septimber]] 1787) en hellen safolle mooglik belestingjild op. Se krigen help út Hollân; De Steaten krigen troepen fan de prins. De batterij fan de Patriotten yn Stiens waard troch Steatetroepen oermastere op [[20 septimber]] 1787.
== Untknoping ==
De ûntknoping kaam troch de ynfal fan de Prusen op [[20 septimber]] 1787. De Patriotten flechten út Frjentsjer (23 septimber) troch de [[Súdwesthoek]] nei Amsterdam. It kaam hjir en dêr ta plondering en fernieling.Om de twist by te lizzen
{{boarnen|boarnefernijing=
|