Patriotten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw.
→‎Steatsgreep: ferw. oanp.
Rigel 16:
 
== Steatsgreep ==
Doe't de Steaten mienden dat Hollân de gefolgen fan Goejanverwellesluis allinnich drage moast, wiisde de minderheid op de [[Uny fan Utert (1579)|Uny fan Utert]] ([[26 july]] 1787) en gie yn Amsterdam yn berie. De Steaten hjitten gerjochtlik ûndersyk fan dizze hâlding ([[11 augustus]] 1787). Hjirnei fêstigen Fan Beyma en syn folgelingen har yn Frjentsjer en rieden mei manskippen en wapens in steatsgreep ta. Dêrtsjin stelde de Steaten in Kommisje fan definsje yn op [[30 augustus]] 1787 dy't de frijkorpsen ophefte ([[4 septimber]] 1787). De 12 folmachten yn Frjentsjer ferklearren har ta de ienige wiere en beskôgen dy yn Ljouwert as fan harren amt ferfallen. De tsjinregearing koe ûnder oare steune op de frijkorpsen fan Frjentsjerteradiel, [[Barradiel]] en [[It Bilt]], [[Ferwert]], [[Stiens]], Grou, It Hearrenfean, Arum en de besettingen fan Boalsert en Makkum. De Patriotten besetten fierder Warkum, Starum, Snits en [[De Lemmer]] ([[11 septimber]] 1787) en hellen safolle mooglik belestingjild op. Se krigen help út Hollân; De Steaten krigen troepen fan de prins. De batterij fan de Patriotten yn Stiens waard troch Steatetroepen oermastere op [[20 septimber]] 1787.
 
== Untknoping ==
De ûntknoping kaam troch de ynfal fan de Prusen op [[20 septimber]] 1787. De Patriotten flechten út Frjentsjer (23 septimber) troch de [[Súdwesthoek]] nei Amsterdam. It kaam hjir en dêr ta plondering en fernieling.Om de twist by te lizzen hâlde men yn [[Balk]] in "fredesdrinkgelach" dêr't de pastoar en de learaar it wurd fierden. Nei werstel fan de oarder kundigen de Steaten in amnesty ôf, mar wol mei in soad útsûnderingen. Der folgen banfûnnissen en boetes, en Frjentsjer moast syn poartedoarren misse. De kopstikken fan de Patriotten wykten út nei [[Frankryk]], dêr't se al gau ûnderrjochte waarden yn [[revolúsje]] meitsjen.