Alarik II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: hr:Alarik II:
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: hr:Alarik II.; tekstwiziging
Rigel 1:
'''Alarik II''' (ferstoarn [[507]]) folge syn heit [[Eurik]] yn [[485]] op as kening fan de [[Fisigoaten]]. Syn [[Fisigoatyske ryk|Fisigoatysk ryk]] omfieme trije kwart fan [[Spanje]] (útsein de noardwesthoeke) en de helte fan [[Galje]].
 
[[ImageOfbyld:Visigoth_Kingdom.jpg|thumb|right|it [[Fisigoatyske ryk|Fisigoatyske keninkryk]] ûnder Alarik II.]]
== Binnenlânsk belied ==
Yn [[498]] en [[506]] hie hy yn Spanje te stellen mei opstannen dêr't de Romeinske befolking by belutsen wie. Under lieding fan usurpators besochten sy harren te ûntdwaan fan it Fisigoatyske bewâld. De twadde kear oermasteren de Fisigoaten de stêd Dertosa yn de Ebro fallei en deade de Romeinske oanfierder [[Peter (usurpator)|Peter]].
 
Alarak wie in oanhinger fan it [[Arianisme|Ariaanse]] leauwen, lykas de measten fan syn folk. Hy wie net fanatyk en fersêfte de ferfolging fan de Katoliken. Ek joech hy tastimming oan de Katoliken yn [[506]] om it [[Konsily fan Agde]] te hâlden. In oar wiis beslút wie syn inisjatyf om in oersjoch te meitsjen fan alle Romeinske wetten en Keizerlike besluten, dat gesachhawwend wêze moast foar syn Romeinske ûnderdienen. Dizze gearstalling stiet bekend as it [[Breviarium Alaricianum]].
 
== Bútenlansk belied ==
Yn [[486]] wegere Alarik de Romeinske kening [[Syagrius]] asyl te jaan, doe't dizze hearsker fan in gebiet om [[Soissons]] hinne, troch Klovis ferslein waard. Hy kaam hjirmei temjitte oan it fersyk fan de Frankyske kening om útlevering.
 
Alarik wie in freedsum man en besocht it ferdrach dat syn heit mei de [[Frankyske ryk|Franken]] sletten hie te hanthavenjen, mar [[Klovis I]], dy't it Goatyske grûnbesit yn [[Galje]] yn hannen hawwe woe, fûn it Arianisme in reden om kriich te fieren. In gearkomst mei syn skoanheit [[Diderik de Grutte |Diderik]], kening fan de [[Ostrogoaten]] wie om'e nocht. Nei jierrenlange kriich mei wikseljend ferrin waarden de Fisigoaten úteinlik yn [[507]] ferslein yn de [[Slach fan Fouillé]] tichtby [[Poitiers]]. Neffens de oerlevering soe Alarik dy't op de flecht slein wie nei de ferlern fjildslach, finzen nommen wurde en troch Klovis eigenhannich deamakke.
 
Syn echte soan [[Amalarik]] wie noch in bern, dus waard hy opfolge troch syn ûnwettige soan [[Gesalik]].
 
== Literatuer ==
* {{Aut|Schreiber, Hermann}}, ''de Goten: vorsten en vazallen'' (1979)
 
Rigel 32:
[[gl:Alarico II]]
[[got:𐌰𐌻𐌰𐍂𐌴𐌹𐌺𐍃 •𐌱•]]
[[hr:Alarik II:.]]
[[hu:II. Alarich nyugati gót király]]
[[it:Alarico II]]