Hadrianus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: id:Hadrianus; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Hadrien-ven.JPG|right|thumb|300px|Buste fan Handrianus]]
'''Hadrianus''' (Folút:'''Publius Aelius Traianus Hadrianus''' ([[24 jannewaris]] [[76]] – [[10 july]] [[138]]) wie in [[list mei Romeinske keizers|keizer]] fan it [[Romeinske Ryk]] fan [[117]] oant [[138]] en de tredde fan de [[adoptyfkeizers]]. Under syn bewâld waarden der yn it hiele ryk in protte grutte wurken útfierd, lykas de bou fan de [[muorre fan Hadrianus]] yn Ingelân en it [[Pantheon]] yn Rome. Hy herfoarme de [[rjochtspraak]] en it [[amtner|amtlikamtlikapparaat]]apparaat en stifte ferskeidene stêden.
 
== Jonge jierren ==
Hadrianus waard yn [[76]] berne as de soan fan de [[senaat|senator]] en eks-[[praetor]] Hadrianus Afer. Fanwege de iere dea fan syn heit waard Hadrianus op 10-jierrige leeftyd opnommen yn de banneleaze húshâlding fan syn efteromke, de lettere keizer [[Trajanus]]. Trajanus soarge derfoar dat Hadrianus yn Rome in oplieding krige. Yn it leger makke hy opgong en as stêf-ofsier focht hy tsjin de [[Daasjers]] en [[Goaten]] yn East-Jeropa, en letter tsjin de [[Parten]] yn [[Lyts-Aazje]]. Hadrianus boaske yn [[100]] mei [[Vibia Sabina]], in efternicht fan him.
 
== Opfolger fan Trajanus ==
Nei de dea fan keizer Trajanus yn [[117]] waard Hadrianus syn opfolger. As de nije keizer hie hy fuortendaliks te krijen mei de neisleep fan de [[Kitosoarloch]], de Joadske opstân dy't him op it hichtepunt útwreide hie nei in grut part fan it easten fan it ryk. Hadrianus wie in sunige keizer. Hy joech de Romeinske provinsjes [[Armeenje]], [[Syrje]] en [[Mesopotaamje]] op en luts de garnizoenen tebek fanwege it jild dat it him koste. Hy wie fan betinken dat de oanhâldende driging oan de grinzen te djoer wie om syn gesach dêr te hanthavenjen.
 
== Wetjouwer: it ''Edictum Perpetuum'' ==
Yn Jeropa berikte ûnder Hadrianus de [[romanisearring]] har hichtepunt. Keizer Hadrianus luts in protte macht nei him ta, ta neidiel fan de [[Romeinske senaat|senaat]]. Hy beneamde in grutte persoanlike amtlike stêf. Tsjinstanners liet er fan kant meitsje. Hy stribbe nei wetjouwing dy't yn it hiele ryk útfierd wurde moast en joech de skitterjende jurist [[Publius Salvius Julianus]] yn [[130]] opdracht om de pretoriaanske edikten gear te foegjen yn ien wetboek: it ''edictum perpetuum''.
 
[[ImageOfbyld:Roman Empire under Hadrian.png|thumb|left|250px|It Romeinske Ryk ûnder Hadrianus.]]
 
== Reizgjende keizer ==
Hadrianus keas net foar útwreiding fan it ryk, mar foar fersterking fan de besteande ynfrastruktuer. Oanhâldend reizge hy rûn as projektlieder en militêr om syn generaals te kontrolearjen. Underweis stifte er ferskate stêden, ûnder mear yn Traasje ''Hadrianapolis'' (Adrianopel, it hjoeddeiske Turkske grinsplak ''[[Edirne]]''). Yn Nederlân wie Hadrianus yn [[121]] of [[122]] en stifte it stêdsje [[Forum Hadriany]] op de pleats dêr't no [[Foarburch]] leit. Yn [[Jeruzalim]] stifte hy in nije Romeinske koloanje, dêr't hy it religjeuze ferset fan de [[joaden]] ûnder lieding fan [[Bar Kochba]] mei hurde hân bruts. De joaden soenen dêrnei út Palestina ferdwine, de [[diaspora]].
 
[[ImageOfbyld:Hadrianus gate.jpg|200px|thumb|right|De [[Hadrianus' Poart]], yn Antalya, Turkije waard ta syn eare boud. Hadrianus besocht de stêd yn [[130]]]]
 
== Boumaster ==
Yn [[125]] liet Hadrianus it [[Pantheon]] hielendal herbouwe. Yn [[Tibur]] ([[Tivoli]]) liet hy tusken [[126]] en [[134]] syn lusthof ''[[Filla Hadriana]]'' bouwe en yn Rome syn grutte [[mausoleum]], dat tsjintwurdich [[Ingelenboarch]] (''Castel Sant' Angelo'') hjit.
 
== Ferdigeningslynjes ==
Sûnt it begjin fan it Romeinske Ryk hienen de keizers de oermastere gebieten ôfskoattele mei ferdigeningslynjes tsjin de barbaren. Op de meast bedrige punten wienen al ''[[limes]]'', fersterke grinzen, oanlein : yn Noard-Afrika, [[Sierje]], [[Roemeenje]]/[[Hongarije]] ([[Daasje]]), [[Dútslân]], [[Nederlân]] en [[Ingelân]]. Foar ''Germaanje'' hienen de Romeinen sûnt de nederlaach yn de [[Farusslach]] net folle belangstelling mear. Yn [[83]] begûn de ôfskoatteling fan de grinzen mei limes tusken de natuerlike ferdigeningslynjes [[Ryn]] en [[Donau]], fan [[Rheinbrohl]] súdlik fan [[Keulen]] nei de krite fan [[Regensburch]], 550 kilometer lang en mei op syn minst tûzen wachttuorren en hûnderten forten. De muorren yn [[Brittanje]] moasten noch boud wurde.
 
=== Tsjin de Germanen ===
Yn [[Germaanje]] liet Hadrianus de [[limes]] fersterkje yn [[122]] nei Kristus. Syn opfolger [[Antoninus Pius]] soe de limes yn [[160]] noch fierder útwreidzje yn eastlike rjochting.
 
[[ImageOfbyld:Hadrian's wall2.jpg|thumb|240px|[[Muorre fan Hadrianus]] yn Noard-Inglân.]]
=== Tsjin de Pikten en Skotten: Hadrianuswâl ===
Yn [[122]] joech Hadrianus it startsein foar it oanlizzen fan de ''[[Muorre fan Hadrianus|Fallum Hadriany]]'', de ''Hadrianuswâl'' of ''Piktenmuorre'' yn it noarden fan Brittanje tsjin de ynfallen fan de [[Pikten]] en [[Skotten]].
 
== Kultuer en muntslach ==
[[Ofbyld:Hadrianus100.jpg|left|thumb|[[Denarius]]]]
Yn it tiidrek fan Hadrianus en syn opfolgers berikte de portretkeunst op Romeinske munten har hichtepunt. Under de [[Julysk-Klaudyske dynasty]] en [[Fespasianus]] waard de keizer fergodlike, en wie syn portret in ideaalbyld. Under [[Trajanus]] waard it allegearre wat realistysker.
 
== Syn libben ==
Hadrianus hie fan jongs af oan altiten grutte bewûndering hân foar de Grykse kultuer. Derom liet hy ek nei Gryske gewoante syn burd stean. Op syn reizen waard hy altiten beselskippe troch syn leafste [[Antinous]]: in Grykske jongen fan útsûnderlike skientme. Lettere skriuwers hawwe Hadrianus fanwege syn relaasje mei Antinous wol ferhune. Syn houlik mei [[Fibia Sabina]] wie min. Sy hie in affêre mei [[Suetonius]] dy't dêrtroch fan it hof ferwidere waard.
 
=== Opfolging ===
Syn houlik bleau sûnder bern, dêrom adoptearre hy yn [[136]] [[Lucius
Seionus Kommodus]] as syn soan en opfolger - net te betiizjen mei de lettere keizer [[Kommodus]], soan fan [[Markus Aurelius]]. Dizze adopsjesoan krige de namme [[Lusius Aelius Caesar]]. Hy ferstoar letter om Nijjier [[138]] hinne oan de tarring. Doe't Kommodus ferstoarn wie, adoptearre Hadrianus de tige wurdearre senator Antoninus yn syn plak, en frege him op syn beurt om de soan fan Kommodus en Markus Annius Ferus te adoptearjen. Dizze lêsten krigen de nammen [[Lusius Aurelius Kommodus]] en Markus Aurelius Ferus. Sa soarge Hadrianus foar twa "goede" keizers nei him, [[Antoninus Pius]] en [[Markus Aurelius]].
 
=== Ferstjerren ===
[[Ofbyld:Sant'Angelo-SB.jpg|thumb|[[Ingelenburgt|Castel Sant'Angelo]], it [[mausoleum]] fan Hadrianus yn Rome oan de [[Tiber]].]]
Doe't Hadrianus ferstoar, waard hy troch syn opfolger [[Antoninus Pius]] yn [[139]] ta god ferklearre.
 
== Boarnen ==
* [[Suetonius]], ''[[Historia Augusta]]''
* [[Cassius Dio]], ''Skiednis fan Rome''.
 
== Eksterne keppelings ==
*[http://www.roman-emperors.org/hadrian.htm {{aut|H.W. Benario}}, artikel oer Hadrianus (117-138), yn ''DIR'', (2000), (Ingelsk).]
*[http://www.adam-carr.net/antinousindex.html {{aut|Adam Carr}}, Webstee wijd oan Hardianus syn leafste [[Antinous]]]
Rigel 56:
*[http://www.romeguide.it/MONUM/STORICI/castel/catel_it.htm Italjaanske side mei foto's fan de [[Ingelenboarch]]]
 
[[kategoryKategory:Romeinske keizer]]
 
[[an:Adrián (emperador román)]]
Rigel 81:
[[hr:Hadrijan]]
[[hu:Hadrianus]]
[[id:HadrianHadrianus]]
[[is:Hadríanus]]
[[it:Publio Elio Traiano Adriano]]
Rigel 91:
[[lv:Adriāns]]
[[mk:Адријан]]
[[no:Hadrian]]
[[nl:Hadrianus]]
[[nn:Hadrian av Romarriket]]
[[no:Hadrian]]
[[pl:Hadrian]]
[[pt:Adriano]]