Patriotten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Steatsgreep: ferw. oanp.
Rigel 13:
 
== Frjentsjer ==
De striid waard no fûlder. Fan Beyma stelde om'e nocht foar de neileving fan it reglemint reformatwaar fan [[1748]] te ûndersykjen. De Steaten ferbeanen alle rekwesten, frijkorpsen mochten gjin lotterij hâlde om oan jild te kommen, har net ûnderling ferbine en gjin politike partij steune. Oer dit [[Bloedplakkaten|Bloedplakkaat]] kaam de útbarsting pas letter yn Frjentsjer. In soad professors en studinten wienen dêr lid fan it frijkorps of boargersoasjeteit. Fan de lêste wie rektor magnifikus, [[Johan Valckenaer]] presidint. Doe't de Steaten oan professors en studinten ferbeanen hjiroan mei te dwaan ([[12 maaie]] [[1787]]) drige de hegeskoalle leechrinne te sillen. De Steaten ferbeanen ynfier fan wapens, benammen om it Frjentsjerter 'definsjewezen' - yn konflikt mei Harns - dwers te sitten ([[25 maaie]] [[1787]]). Ek oer oare foarfallen yn oare gewesten stienen de partijen faak skerp tsjinoer elkoar.
 
== Steatsgreep ==