Minne Simens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lytse oanfolling
Rigel 4:
 
==Libbensrin==
Menno Simons waard berne te [[Wytmarsum]]. Syn krekte bertedatum is net bekend, lykas der oer syn jongesjierren ek gjin ynformaasje bewarre bleaun is. Hy waard yn [[1524]] yn it Aartsbisdom Utert ta pryster wije en nij syn oplieding wie [[Penjum]] ]syn earste parochy.
 
Al yn syn begjinjierren as pryster hie Menno Simons twifels oer de wize, dêr't de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike tsjerke]] op omgie mei de [[sakraminten]]. Doe't er hearde dat [[Sicke Freerks]] op [[20 maart]] [[1531]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] eksekutearre waard, omdat er him op 'e nij dope litten hie, naam dy twifel allinne noch mar ta. Hy sympatisearre earstoan mei [[Maarten Luther]], dêrnei waard hy mear oanlutsen troch de ideeën fan [[Huldrych Zwingli]] en om-ende-by [[1531]] rekke yn ûnder de yndruk fan de út Switserlân stamjende Doopsgesinden.