Suëtoanius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: cs:Suetonius; tekstwiziging
Rigel 1:
'''Suetonius''', folút: '''Gaius Suetonius Tranquillus''', ([[69]]/70 – [[140]]) wie in Romeinske skriuwer en skiedkundige. Hy wurdt wol beskôge as Romes grutste biograaf út de keizerstiid. Yn syn wurken skriuwt Suetonius oer it libben fan de keizers en hy hie dêrby in protte oandacht foar persoanlike bysûnderheden. Troch lettere skriuwers is er in soad nijfolge.
 
== Libben ==
Suetonius waard berne om-ende-by [[70|70 n. Kr.]] yn 'e omkriten fan [[Hippo Regius]] yn Afrika. Hy krige in goeie oplieding, studearre rjochten en tsjinne ûnder [[Plinius de Jongere]] dy't doe gûverneur wie fan [[Bitynia]]. Troch tuskenkomst fan Plinius waard hy letter oansteld as [[bibletekaris]] by keizer [[Trajanus]]. Under keizer [[Hadrianus]] wie hy inkele jierren haad fan it keizerlike skriuwerskip. Oan dizze posysje kaam lykwols yn [[121]] ynienen in ein, nei gedachten fanwege syn relaasje mei keizerinne [[Fibia Sabina]]. Yn de jierren dêrnei hat er noch in soad wurk skreaun.
 
== Wurken ==
Suetonius is de wichtichste Romeinske fertsjintwurdiger fan de [[biografy]], de libbensbeskriuwing fan de keizers dy't destiids net folle oansjen hie. Omdat er wurke hie foar de machtichste persoanen fan syn tiid, wist er ek in protte oer it libben fan de keizers te fertellen.
 
Rigel 13:
It ferskil mei oare skiedkundigen lykas [[Tacitus]] sit him hjiryn, dat Suetonius him mear dwaande hâlde mei de persoanlike bysûnderheden fan de keizers, wylst Tasitus in protte omtinken hie foar de gronology fan de foarfallen. De libbensbeskriuwings fan Suetonius binne aardich om te lêzen, mar de literêre kwaliteit en psychologyske djipgong bliuwt efter by oare skriuwers. De krêft fan Suetonius sit him yn de details en de talrike [[anekdoate]]s. Troch Suetonius witte wy frij krekt hoe't de keizers derút seagen en hokker yntresses sy hienen.
 
=== ''De Viris illustribus'' ===
''De Viris illustribus'' (d.i. ''Ferneamde manlju'') wie in gearstalling mei koarte libbensbeskriuwings fan bekende persoanen út de Latyske literatuer (grammatisy, sprekkers, tichters, filosofen ensfh..). Fan dit wurk binne mar beskate parten bewarre bleaun. In oantal feitlikheden kinne werom liede út [[Hiëronymus]] syn ''Chronica''.
 
=== ''De Vita Caesarum'' ===
It wichtigste boek dat wy fan Suetonius hawwe is wol de ''Vita Caesarum'', in libbensbeskriuwing fan tolwe keizers, fanôf [[Julius Caesar]] (einlik gjin keizer, mar "diktator foar it libben") oant [[Domitianus]]. It wurk bleau likernôch kompleet bewarre: allinnich it earste part fan de tekst oer Julius Caesar is fuort.
 
De ''Vita Caesarum'' is skreaun yn ienfâldich [[Latyn]] en benammen bedoeld foar it grutte publyk, dat mear ynteresse hie yn smeulske ferhalen út it libben fan de keizers, as dat sy grutte feiten en foarfallen út it steatslibben fan de keizer witte woenen. Suetonius koe foar it skriuwen fan syn boeken helje út de him ta beskikking steande keizerlike argiven, en benammen út de mûnlinge ynformaasje fan familjeleden en oare oanbringers. Hy sammele de ynformaasje foar syn haadwurk by inoar sa om [[121]] hinne.
 
== Ynfloed op lettere literatuer ==
Suetonius waard in protte neifolge troch letttere skiedskriuwers út de keizertiid, û.o. troch de de skriuwers fan de '''[[Historia Augusta]]''', dêr't de libbens fan keizer [[Hadrianus]] oant [[Numerianus]] (it tiidrek tusken [[117]] en [[284]]) yn beskreaun wurdt. Dizze boeken befetsje in soad kletspraat en rabberij.
 
Yn de [[Midsieuwen]] waard Suetonius mear lêzen en oerskreaun as Tacitus. Hy hie oan [[Eginhard]] in goeie neifolger yn syn '''Vita Caroli Magni''' (d.i. ''Libben fan [[Karel de Grutte]]'').
 
== Literatuer ==
* Suetonius, ''De Vita Caesarium'', trad. D. den Hengst (''Keizers van Rome''), Amsterdam, 2002 (= 2004).
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.jerryfielden.com/essays/suetonius.htm Suetonius en de regering fan Tiberius: in fergeliking mei oare boarnen (Ingels)]
*[http://penelope.uchicago.edu/Thayer/E/Roman/Texts/Suetonius/12Caesars/home.html de Latynske tekst fan de ''Vita Caesarum'']
Rigel 47:
[[ca:Suetoni]]
[[cy:Suetonius]]
[[cs:Gaius Suetonius Tranquillus]]
[[da:Sveton]]
[[de:Sueton]]