Patriotten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 7:
 
== Súksessen ==
 
[[Ofbyld:Execercitiegenootschap-sneek.jpg|thumb|It [[eksersysjegenoatskip]] fan Snits, troch H. van de Velde, ca. 1786]]
 
Harren earste súkses wie de erkenning fan de ûnôfhinklikheid fan de [[Feriene Steaten]] op [[26 febrewaris]] 1782; teffens pleite Fan Beyma ek, mar omdôch, foar boargerbewapening. De Steaten besochten al op syn foarstel de [[kwoata]] te ferleegjen fan 11,66% nei 8,66% ([[12 maart]] [[1784]]). Dêrnei iepenen de patriotten de oanfal op de premiers, earst yn [[Dokkum]]. Fan Beyma brocht dêr in ferbûn fan seis stêden ta stân ([[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Snits (stêd)|Snits]], [[Sleat (stêd)|Sleat]], [[Drylts]] en [[Hylpen]] ([[27 juny]] [[1783]])). Ljouwert slute him ek al gau oan. Dizzen ûntlutsen har oan de prins, dat is te sizzen oan de premiers, it jaan fan op de stêden fallende [[ambulatware amten]]. It fersyk om legere kwoata hie by de generaliteit gjin súkses; de Steaten drigen op [[25 july]] [[1783]] sels om troepen te stjoeren.