Loftskip: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
plaatsjes |
plaatsjes |
||
Rigel 1:
[[Image:1912 Hansa jpl.jpg|thumb|
In '''loftskip''' is in [[loftfartúch]] wat sweeft yn de loft en wat stjoerd wurde kin.
== Bou ==
Trochdat in loftskip folle is mei in gas dat lichter is as loft, sweeft it. In loftskip hat al ien as mear motoaren, mar dy wurde allinnich brûkt foar opdriuwing; se hoeche it loftskip net yn de loft te hâlden. Trochdat in loftskip wat in sigaarfoarm hat kin it mei help fan roeren maklik stjoerd wurde. Romte foar passazjiers of fracht kin útsparre wêze yn de sigaarfoarm, of kin der yn in gondel ûnder hingje. De earste loftskippen hienen in folling fan [[wetterstof]]gas, mar om't dat tige brânber is is letter oergongen op [[helium]].
==Types==
; [[Seppelin]] : In loftskip mei in stive bou. De grutste loftskippen wienen seppelins; de stive bou makket gruttere skippen mooglik.
Rigel 15:
=== Utfining ===
Hast sûnt de útfining fan de [[loftballon]] yn [[1783]] is der besocht ballons better stjoerber te meitsjen. It begjin wie de earste loftballon mei in, hânmjittige, propeller, fan [[Jean-Pierre Blanchard]] yn [[1784]]. Yn [[1852]] kaam it loftskip fan [[Henri Giffard]], oandreaun troch in [[steammasjine]] en allinnich stjoerber as der hast gjin wyn wie. Nei ferskate oare masines wie ''La France'', fan [[Charles Renard]] en [[Arthur Krebs]], yn [[1884]] it earste wier bestjoerbere loftskip.
▲[[Ofbyld:Graf zeppelin.jpg|thumb|right|300px|De ''Graf von Zeppelin'']]
=== Gouden tiid ===
Oan it begjin fan de [[20e ieu]] waard de seppelin fan [[David Schwarz]] ûntwikkele ta modellen dy't brûksum wienen foar post- en passazjiertransport. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] waard ek besoch de seppelins foar de oarloch yn te setten, mar yn de rin fan de oarloch waarden de fleanmasines ûntwikkele ta bettere oarlochswapens. Nei de oarloch begûnen ek oare lannen mei de bou fan seppelins. Dit wienen gruttere loftskippen dy't lange ôfstannen fleane koenen. Mar yn de rin fan de tritiger jierren wienen der ferskate ûngemakken mei seppelins, wêrfan op [[6 maaie]] [[1937]] de ramp mei de [[Hindenburg]], it grutste loftskip ea, de ferneamste is. De bou fan passazjiers-seppelins stoppe. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] hienen de fleanmasines it plak fan de loftskippen ynnaam.
Rigel 21:
=== Blimps ===
Fral yn Amearika waarden yn de Twadde Wrâldkriich in soad blimps boud, dy't brûkt waarden om út de loft út te sjen nei [[Underseeër|ûnderseeër]]s. Yn de twadde helte fan de 20e ieu, waarden blimps yn de Feriene Steaten ynset foar reklame en foar tillefysjekamara's by sportbarrens.
[[Ofbyld:Zeppelin_NT_im_Flug.jpg|thumb|right|280px|''Zeppelin NT'', 2003]]
== Resinte sitewaasje ==
|