Aisopus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Biografy: fan nl en en
wurkleas
Rigel 2:
[[ofbyld:Diego Velasquez, Aesop.jpg|thumb|Aisopos útbyld troch [[Diego Velasquez]] ±1640]]
'''Aisopos''' of '''Aesopus''' (±[[620 f.Kr.]] – ± [[560 f.Kr.]]) wie in [[Alde Griekenlân|Grykske]] dichter fan [[fabel]]s. De saneamde [[fabels fan Aisopos|Aisopyske fabels]] wiene yn de âldheid al ferneamd en foarmen in ynspiraasjeboarne foar lettere skriuwers.
 
{{wurk}}
==Biografy==
Aisopos' biografy is mar in bytsje fan bekend en der is striderij oer. Syn berteplak is ûnbekend, mar [[Aristoteles]] sei dat er fan[[Traasje]] kaam. Neffens [[Herodotos]] (''Hist.'' 2, 134) wie Aisopos as slaaf yn tsjnst by Iapedon, op it eilân Samos, en dat er fermoarde wurden is. Herodotos beskôget dit ferhaal as bekend, want hy giet der fierder net op troch. [[Heraclides Ponticus|Herakleidos Pontikos]] giet er noch wat neier op yn: Aisopos soe in gouden offerskeal stellen hawwe en dêrfoar straft wêze. Mar hy moat dan dochs frij man wurden wêze, want letter libbe er oan it Hof fan [[Croesus]], dêr't er [[Solon]] moete en iten hat oan de tafel fan [[Periander]] yn [[Korinte]]. Yn de regearperioade fan [[Peisistratos (Athene)|Peisistratus]] soe er Athene besocht hawwe en syn fabel ''De kikkerts dy't in kening winsken'' ferhelle hawwe. De bedoeling dêrfan binne ek wer ferskillend ferhalen fan yn omrin.