Gaspar Fagel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tikflaterke
L willem fan oranje
Rigel 7:
Yn [[1670]] waard er grffier fan de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]], en yn [[1672]] riedspensjonaris, nei it ophâlden fan, en de neifolgjende moard op [[Johan de Witt]]. Fagel hie oansjen fanwege syn yntegriteit en syn berettens tsjin [[Loadewyk XIV fan Frankryk]] oer, en troch syn krewearjen foar de claim op de Ingelske troan fan [[Willem III fan Oranje-Nassau|Steedhâlder-Kening Willem III]].
 
In 1688 stjoerde [[Simon van der Stel]] santjin kisten mei planteguod nei Nederlân, dy't bestimd wiene foar [[Willem III fan Oranje|steedhâlder Willem III]], Gaspar Fagel, [[Joan Huydecoper van Maarsseveen (junior)]] en de [[Hortus Botanicus Amsterdam]]. Earder krige Fagel de gûverneur fan de Kaap sa fier dat dizze yn de [[Feriene Eastynjeske Kompanjy|VOC]]-tún op [[Kaap de Goede Hope]] [[kaniel]]-, [[krûdnagel]] en [[kaanferbeam]]kes foar him plante, dy't dêr dan akklimatisearje koene, foar't sy nei Nederlân oerbrocht wurde soene. Wierskynlik binne se lykwols útroege by in ynspeksje troch [[Rijklof van Goens]] jr. yn 1684-1685.<ref>[http://www.deoudedorpskern.nl/userfiles/publicaties/8_67_kernpunten.pdf {{aut|Den Hartog, E.}} (2006) Leeuwenhorst, in bûtenpleats fan wrâldformaat]</ref>
 
Fagel waard nei syn dea byset yn de Grutte of Sint-Jacobstsjerke te De Haach.