Taeke Schuilenga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat. ferw
ferw.
Rigel 5:
Yn 1930 ferstoar syn âldste dochter Elisabeth. Krekt foar de oarloch, op 11 april 1940 ferstoar Taeke syn frou. Yn [[1941]] waarden de Schuilenga's fêstnaam foar harren ûndergrûns wurk. Taeke waard lykwols op boarchtocht frijlitten om't syn wurk yn de itensfoarsjenning lei.

[[It ferset]] besocht op [[30 oktober]] [[1943]] om de [[Nasjnaal Sosjalistyske Beweging|NSB]]-er [[Pier Nobach]] dea te sjitten, mar troch in ferwikseling waard Nobach syn soan deamakke. As wraak waard Schuilenga oanwiisd foar Aksje Sulverdin. Op 4 novimber waard er foar ferhoar meinaam nei Ljouwert. Doe waard er foar fierder ferhoar nei it [[Scholtenhuis]] yn [[Grins (stêd)|Grins]] brocht, en doe't dat foarby wie waard er meinaam nei de omkriten fan [[de Fochtel]], delsketten en yn in sleat efterlitten.

Op dit plak, de [[TiesingaboskTiesingaboskje]] tusken [[Easterwâlde]] en [[Feanhuzen]], is in monumint ta syn neitins oprjochte, mei de tekst

HJIR FOEL
TROCH LEFFE
MOARDNERS HÂN
FOAR
FRIJDOM, RJOCHT
EN HEITELÂN
T. SCHUILENGA
SURHÚSTERFEAN
4 NOV. 1943.