David Fabricius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 25 okt 2009 om 15.54

David Fabricius (*1564 yn Esens (East-Fryslân); † 1617 yn Osteel) wie in East-Fryske teolooch, amateurastronoom en kartograaf. Hy wie de heit fan Johann Fabricius, dy't yn it jier 1611 syn earste wittenskiplike stik oer sinneflekken skreau, neidat er tegearre mei syn heit de sinne ûndersocht hie.

David Fabricius ûndersocht ûnder oare de sinne fan ús sinnestelsel en de moanne fan de ierde. Fierders ûndersocht er stjerren en planeten, wêrfan hy bysûndere ynteresse hie foar de planeet mars. Neist de astronomy hie er belangstelling foar de meteorology. Yn 1589 makke hy de earste printe kaart fan East-Fryslân.